Rippertus Sixti
Rippertus Sixti, ek wol Sixtus, (Frjentsjer, 8 july 1583 - Ljouwert, 16 maart 1651) wie in Fryske teolooch en predikant.
Rippertus Sixti | ||
geastlike | ||
Rippertus Sixti (troch Matthijs Harings) | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 8 july 1583 | |
berteplak | Frjentsjer | |
stjerdatum | 16 maart 1651 | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk |
Libben en wurk
bewurkje seksjeHy wie in soan fan dûmny Sixtus Ripperti en Anna Meynards. Hy studearre teology oan de Universiteit fan Frjentsjer dêr't yn 1601 ôfstudearre.
Hy stie as Nederdútske Grifformeard-predikant yn Twisk fan 1606 oant 1616, Hoarn fan 1618 ôf en Ljouwert fan 1628 oant sy dea yn 1651. Syn earste frou stoar yn 1611 yn Twisk. Hy boaske fannijs yn 1629 oan huwde Grietje Cornelisd. út Hoarn en yn 1637 nochris mei Gerlske Teakes Amama.
Te Frjentsjer wie Rixti. û.o. learling fan Sybrandus Lubbertus, mei wa't er yn briefkjen bleau. Hy hearde by de foaroansteande Friezen, dy't de lear fan Doardt ferdigenen. Al foar 't er yn 1618 yn Hoarn yn de publike tsjerke beroppen waard, hied er yn 1616 de dolearjende tsjerke te Hoarn 'in de Ramen' holpen. Yn 1617 hie er in dispút mei de remonstrant Dominicus Sapma (1586-1635). Ek letter ivere er tsjin de remonstranten. Ut de protte op him útbrochte beroppen (yn 1619 en 1636 nei Frjentsjer, yn 1626 nei Amsterdam, yn 1637 nei Harns) die bliken dat syn preekjen yn wide rûnte wurdearre waard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |