Matthijs Harings
Matthijs Harings (Ljouwert, ±1593 - dêre, 1667) wie in Ljouwerter portretskilder út de 17e iuw. As omke fan de frou fan Gysbert Japiks skildere er yn 1637 it portret fan Gysbert Japiks. Dat hinget no yn it Frysk Museum.
Neffens Houbraken wie er in goede portretskilder dy't de gesichtsútdrukkingen fan syn ûnderwerpen goed fong. [1] Neffens it RKD wurde syn portretten soms betize mei wurken fan Wybrand de Geest. [2]
Fan 1641 oant 1646 siet Matthijs Harings yn it Ljouwerter stedsbestjoer, wêrfan fan 1641 oant 1644 as skepen.
Galery
bewurkje seksje-
Portret fan Rippertus Sixti, teolooch te Frjentsjer. Frysk Museum
-
Portret fan Gerlske Taekesdr. fan Amama, frou fan Rippertus Sixti
-
Portret fan in ûnbekende man. Frysk Museum
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|