Rispenserpoldermole

(Trochferwiisd fan Rispenserpoldermûne)

De Rispenserpoldermole is in poldermole en ryksmonumint tusken de doarpen Easterein en Hidaard yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

Rispenserpoldermole
mûne / mole
De Rispenserpoldermole yn 2015
De Rispenserpoldermole yn 2015
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Easterein
adres Trijehûzen 4
koördinaten 53° 05' N 5° 36' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
oarspr. gebrûk Bemealling Rispenserpolder
flecht 12,74 meter
boujier 1821; werbou 1994
oare ynformaasje
eigner Molestifting Súdwest-Fryslân
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 21572
Webside
molenrispens.nl
Kaart
Rispenserpoldermole (Fryslân)
Rispenserpoldermole

De Rispenserpoldermole is in muonts, dy't likernôch 100 meter súdlik fan it hjoeddeiske plak yn 1821 boud waard foar it bemeallen fan de Rispenserpolder. De mûne ferfong doe trije lytsere mûntsjes, dêr't fierder neat oer bekend is.

De Rispenserpoldermole wurke oant 1964 en waard twa jier letter eigendom fan de destiidske gemeente Hinnaarderadiel (sûnt 1984: Littenseradiel, sûnt 2011: Súdwest-Fryslân). Dy liet de mole restaurearje, mar by einbeslút rekke de Rispenserpoldermole dochs yn ferfal. Opmerklik is dat it jild fan it Ryk foar in restauraasje fan de bûtekant fan 'e mole troch de gemeente wegere en werom stjoerd waard en dat de gemeente sûnder tastimming de kape weihelle. It socht derom dat de mole hielendal ferlern gyng, mar nei't de mole op haren en snaren nei troch in brân folslein ûndergyng, waard der aksje ûndernommen.

Yn de jierren 1993-1994 waard de mole goed 100 meter yn noardlike rjochting fersetten en dêr restaurearre. Sûnttiid is de mole wer mealree.

De gemeente Súdwest-Fryslân brocht yn 2019 de Rispenserpoldermole mei 10 oare moles ûnder by de Molestifting Súdwest-Fryslân.

De achtkante mole hat in flecht fan 12,74 meter en kin op ôfspraak besichtige wurde. Allinnich it achtkant is reiddutsen, de kape is fan wyt hout.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: