Rebekka (namme)

famkesnamme
(Trochferwiisd fan Rivkah)

Rebekka is in Nederlânske famkesnamme dy't syn oarsprong fynt yn it Hebriuwske רִבְקָה (Rivkah), dat wer ôflaat is fan it tiidwurd רבק (rbq), dat "stevich fêstbine" betsjut. De namme soe dêrmei de betsjutting hawwe fan "strûp", "fêstbûn", "befeilige" of sels "bestrûpend yn skientme".

De namme Rebekka is nei de bekearing fan 'e Franken ta it kristendom yn it Nederlânsk (dat ôfstammet fan it Aldfrankysk) bedarre troch de bibelske aartsmem Rebekka, de frou fan 'e aartsfaar Izaäk. Letter hat ek it Frysk de namme Rebekka oernommen, mar wylst it mank de Friezen nea in gongbere namme wurden is, waard it dat yn Hollân wol, benammen yn Joadske fermiddens, mar ek wol mank net-Joaden. Yn it Ingelsk komt de ekwivalinte foarm Rebecca (mei as ropnamme Becky) folle algemiener foar.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.