Rixt Weiland (Ljouwert, 2 febrewaris 1990) is in Frysk skriuwer.

Rixt Weiland
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 2 febrewaris 1990
berteplak Ljouwert
wurk
prizen Junior Rely

Yn 2004 hat dy in earste priis fan 'e Junior Rely wûn mei it ferhaal Remco. Yn 2005 wûn dy in dielde earste priis by Frysk bloed, de Horror-wedstriid fan Doar, mei it ferhaal Drang om te moardzjen. Dat selde jier wûn Rixt op 'e nij de Junior Rely, mei it ferhaal Eigen miening.

It ferhaal Yn ’e wyn op krige yn 2014 in blyk fan wurdearring fan it Rely Jorritsmafûns. Yn 2015 is it ferhaal Myn earste kear opnommen yn it Aksjeboek Dy iene foto. [1]

Rixt Weiland skriuwt ferhalen oer wat jin ynteressearret, lykas dy oer transgendertematyk. Alhoewol't yn jins ferhalen in ik-figuer foarkomt, geane dy net oer jinsels. Al is it sa dat Rixt yn it wurk fan en ta dingen brûkt dy't jin sels sjoen as meimakke hat. Jins styl hat dêrmei wat fan dy fan Doete Venema.

Rixt Weiland is opwoeksen yn Goutum en wennet yn Ljouwert. Rixt wurket as learkrêft op in basisskoalle.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: