Rjûkjû-eilannen
De Rjûkjû-eilannen (Japansk: 琉球諸島, Ryūkyū-shotō; Okinawaansk: 琉球 of ルーチュー, Ruuchuu), yn it Japansk almeast de Súdwestlike Eilannen (南西諸島, Nansei-shotō) neamd, binne in keatling fan mear as hûndert Japanske fulkanyske eilannen dy't him fan 'e súdkust fan Kjûsjû, it súdlikste fan 'e Japanske haadeilannen, yn in wide bôge útstrekt yn 'e rjochting fan Taiwan. Dêrby foarmje dizze eilannen de skieding tusken de Eastsineeske See yn it westen en de Filipinensee yn it easten, dy't beide ûnderdiel útmeitsje fan 'e Stille Oseaan. De Rjûkjû-eilannen kin ûnderferdield wurde yn in stikmannich lytsere eilannegroepen, mei de Osûmy-eilannen as noardlikste en de Yaeyama-eilannen as súdlikste. De Daito-eilannen lizze fierder yn 'e Filipinensee op, wylst de Senkaku-eilannen, dêr't Sina en Taiwan ek oanspraak op meitsje, fierder yn 'e Eastsineeske See op lizze. It grutste eilân fan 'e hiele arsjipel is Okinawa.
Geografy
bewurkje seksjeAlgemien
bewurkje seksjeDe Rjûkjû-eilannen beslane mei-inoar in oerflak fan 4.542,1 km². It heechste punt op 'e eilannen is de berch de Miyanoura-dake, mei in hichte fan 1.936 m. As men de ôfhandige Daito- en Senkaku-eilannen net meirekkenet, besteane der binnen de Rjûkjû-eilannen twa grutte geologyske skiedings (oftewol gatten yn 'e eilannekeatling): de Tokarastrjitte yn it noarden, tusken de Tokara-eilannen en de Amamy-eilannen, en de Keramakleau yn it suden, tusken de Okinawa-eilannen en de Miyako-eilannen.
Eilannen
bewurkje seksjeFan noard nei súd (ynsafier't dat oanholden wurde kin) besteane de Rjûkjû-eilannen út 'e folgjende eilannegroepen en wichtichste eilannen:
- de Satsûnaneilannen (薩南諸島, Satsunan-shotō)
- de Osûmy-eilannen (大隅諸島, Ōsumi-shotō)
- noardeastlike groep: Tanegashima, Yakushima, Kuchinoerabu en Mageshima
- noardwestlike groep: Takeshima, Iojima en Kuroshima
- de Tokara-eilannen (吐噶喇列島, Tokara-rettō): Kuchinoshima, Nakanoshima, Gajajima, Suwanosejima, Akusekijima, Tairajima, Kodakarajima en Takarajima
- de Amamy-eilannen (奄美群島, Amami-guntō): Amami Ōshima, Kikaijima, Kakeromajima, Yoroshima, Ukeshima, Tokunoshima, Okinoerabujima en Yoronjima
- de Osûmy-eilannen (大隅諸島, Ōsumi-shotō)
- de sintrale Rjûkjû-eilannen (琉球諸島, Ryūkyū-shotō)
- de Okinawa-eilannen (沖縄諸島, Okinawa-shotō): Okinawa, Kumejima, Iheya, Izena, Aguni, Iejima en Iwo Tori Shima (Iōtorishima)
- de Kerama-eilannen (慶良間諸島, Kerama-shotō): Tokashiki, Zamami, Aka en Geruma
- de Sakisjima-eilannen (先島諸島, Sakishima-shotō)
- de Miyako-eilannen (宮古列島, Miyako-rettō): Miyakojima, Ikemajima, Ogami, Irabu, Shimoji, Kurima, Minnajima en Tarama
- de Yaeyama-eilannen (八重山列島, Yaeyama-rettō): Iriomote, Ishigaki, Taketomi, Kohama, Kuroshima, Aragusuku, Hatoma, Yubujima, Hateruma en Yonaguni
- de Senkakû-eilannen (尖閣諸島, Senkaku-shotō) (hjir wurdt ek oanspraak op makke troch Sina en Taiwan): Uotsurijima, Kuba Jima, Taisho Jima, Kita Kojima en Minami Kojima
- de Okinawa-eilannen (沖縄諸島, Okinawa-shotō): Okinawa, Kumejima, Iheya, Izena, Aguni, Iejima en Iwo Tori Shima (Iōtorishima)
- de Daito-eilannen (大東諸島, Daitō-shotō): Kita Daito, Minami Daito en Oki Daito
Bestjoer
bewurkje seksjeBestjoerlik binne de Rjûkjû-eilannen ferdield oer twa Japanske prefektueren. De noardlike Osûmy-, Tokara- en Amamy-eilannen falle ûnder Kagoshima, wylst de súdlike Rjûkjû-eilannen mei-inoar de prefektuer Okinawa foarmje.
Klimaat
bewurkje seksjeDe Rjûkjû-eilannen hawwe in subtropysk klimaat mei mylde winters en hjitte simmers. De delslachsifers binne tige heech, mei fanwegen in lang oanhâldende wiete moesson en ferskate tyfoanen jiers. Besuden de Tokarastrjitte wurde de eilannen karakterisearre troch koraalriffen.
Demografy
bewurkje seksjeDe Rjûkjû-eilannen hiene neffens gegevens út 2005 in ynwennertal fan rom 1.550.000 minsken, wat in befolkingstichtens opsmiet fan 333,9 minsken de km². Etnysk sjoen binne de bewenners fan 'e beide noardlikste eilannegroepen, de Osûmy- en Tokara-eilannen, Japanners, dy't in fariant fan it Japanske Kagoshima-dialekt sprekke.
De súdlike Rjûkjû-eilannen wurde lykwols bewenne troch etnyske Rjûkjûanen, in lânseigen folk en etnyske minderheid yn Japan. Hja sprekke de Rjûkjûaanske talen (wêrfan't it Okinawaansk de grutste en wichtichste is), dy't nau besibbe binne oan it Japansk, mar dêr al hiel lang net mear ûnderling fersteanber mei binne. Boppedat hawwe de Rjûkjûanen ek in dúdlik eigen kulturele identiteit, en in eigen skiednis mei in ûnôfhinklik keninkryk dat pas yn 1879 troch Japan anneksearre waard. (Dêrby moat trouwens opmurken wurde dat de term "Rjûkjûanen" in namme is dy't fan bûtenôf oan 'e bewenners fan 'e eilannen jûn is; sels neame se har etnyske groep yn 'e regel nei it eilân dêr't se wei komme.)
De ôfhandige Daito-eilannen, ta einbeslút, wiene lang ûnbewenne, mar waarden oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw kolonisearre troch folk fan 'e Izû-eilannen, besuden Tokio, en sadwaande sprekke de bewenners fan 'e Daito-eilannen in fariant fan it Japanske Hachijo-dialekt fan 'e Japanske eastkust.
Skiednis
bewurkje seksjeIt âlde Japan seach de eilannen besuden de Japanske arsjipel as syn natuerlike domein, en boppedat hie it der ideologyske en strategyske belangen. Japan hie ntl. de Sineeske filosofy fan it keizerskip op himsels tapast, en yn dat systeem wie der behoefte oan "barbaren" dy't opseagen nei it "glorieuze" bewâld fan 'e keizer. Op it fêstelân wie der foar de Sinezen gjin tekoart oan folken dy't dy rol ferfolje koene, mar yn Japan waarden de befolking fan 'e bûtengebieten en minderheden as de Rjûkjûanen en de Ainû dêrfoar brûkt. Fierders leine de Rjûkjû-eilannen midden op ien fan 'e trije wichtichste rûtes fan Japan nei Sina, dy't fral ûnder de Sineeske Tang-dynasty (630-840) in protte brûkt waard.
Sadwaande feroveren de Japanners al ier de noardlike Osûmy- en Tokara-eilannen, en letter ek de Amamy-eilannen, mar de oanfierlinen wiene blykber te lang (of it animo te lyts) om ek de súdlikere Rjûkjû-eilannen yn te nimmen. Yn 1429 ferienen de ûnderskate minysteatsjes yn 'e Okinawa-eilannen har ta it keninkryk Rjûkjû, dat de Miyako- en Yaeyama-eilannen ferovere en op syn hichtepunt ek oer de Amamy-eilannen hearske. Fan âlds wiene de Rjûkjûanen skatplichtich oan 'e Sineeske keizers.
Yn 1609 foel Shimazu Tadatsune, de Japanske hear fan Satsuma, Rjûkjû binnen mei in float fan trettjin oarlochsjonken en 2.500 samûrai's. Dat leger state net op in soad wjerstân fan Rjûkjûaanske kant, mei't der op 'e eilannen mar kwealk krigers wiene en kening Shō Nei syn folk oprôp om har net te fersetten, mar ynstee it kostbere libben derôf te rêden troch de Japanners út 'e wei te gean (in ynstelling dy't yn 'e krigerskultuer fan Japan hoegenamt net begrepen waard). Neitiid betellen de keningen fan Rjûkjû skatting oan 'e Japanske sjogûn èn oan 'e Sineeske keizer. De skatplichtige relaasje fan 'e eilannen mei de Sineeske Tsjing-dynasty waarden yn 1655 sels formeel bekrêftige troch it sjogûnaat. Pas yn 1874 waard de bân mei Sina troch Rjûkjû iensidich beëinige.
Underwilens hie Japan doe twa jier earder de Rjûkjû-eilannen al ûnder it tafersjoch fan it Ministearje fan Bûtenlânske Saken pleatst. It wie in faai teken doe't dy ferantwurdlikheid yn 1875 oerhevele waard fan it departemint fan Bûtenlânske Saken nei dat fan Binnenlânske Saken. Yn 1879 kundige it Japanske regear úteinlik de anneksaasje fan Rjûkjû ôf. De eilannen dy't ta it keninkryk heard hiene, foarmen fan dy tiid ôf de prefektuer Okinawa, en de lêste Rjûkjûaanske kening waard twongen om yn ballingskip te gean yn Tokio, dêr't de Japanners him yn 'e rekken hâlde koene. By de Frede fan Shimonoseki, wêrmei't yn 1895 de Earste Sineesk-Japanske Oarloch beëinige waard, joech Sina formeel alle oanspraken op 'e Rjûkjû-eilannen op.
Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard der op 'e Rjûkjû-eilannen, en fral op Okinawa, fûleindich fochten. Fan oktober 1944 ôf waarden de eilannen bombardearre troch de Alliëarden. Op 1 april 1945 fierden de Amerikanen in lâning út op Okinawa, dêr't de Japanske troepen oan 'e dea ta trochfochten. Pas op 22 juny, nei 82 dagen fan oanhâldende striid, wisten de Amerikanen it eilân folslein te feroverjen. Tsjin dy tiid wiene 13.000 Amerikanen en neffens guon skatting sa'n 250.000 Japanners omkommen. In grut diel fan 'e Japanske deaden bestie út boargerslachtoffers, en der binne skriklike ferhalen oer massale selsdeadings, wêrby't memmen mei har bern yn 'e earms fan 'e kliffen sprongen, de dea temjitte, as de Amerikanen nei-oan kamen. De Japanske militêre lieding op Okinawa die seppuku (in foarm fan rituële selsmoard wêrby't men jinsels in dagge yn 'e búk stjit), mar it ûndergrûnske haadkertier fan 'e Japanske marine op it eilân, dêr't 4.000 marine-ofsieren en -manskippen harsels ombrochten, wie sa goed ferburgen dat de Amerikanen pas trije wiken letter troch de lykstank de yngong fûnen. De Okinawa-kampanje hie grutte ynfloed op it Amerikaanske beslút om mar net oan 'e ynfaazje fan 'e Japanske haadeilannen te begjinnen, mar ynstee atoombommen op Hiroshima en Nagasaki te smiten.
Nei de oarloch hold Okinawa noch lang in Amerikaanske besetting. Dy waard yn 1952 formalisearre by it Ferdrach fan San Fransisko, dat in ein makke oan 'e oarloch tusken de westlike Alliëarden en Japan. Pas yn 1972 waarden Okinawa en de eilannen besuden 29° noarderbreedte troch de Feriene Steaten weromjûn oan Japan. Sûnt binne de spannings tusken de súdlike Rjûkjû-eilannen en it sintrale regear yn Tokio almar fierder oprûn. De Rjûkjûanen fiele har diskriminearre en negearre, en har etnyske identiteit wurdt troch Japan ûntkend (mei't it offisjele stânpunt is dat de Rjûkjûanen gewoan etnyske Japanners binne). Sadwaande hat him op 'e súdlike Rjûkjû-eilannen in sterke ûnôfhinklikheidsbeweging ûntjûn.
As katalysator wurket dêrby de oanwêzichheid fan 'e grutte Amerikaanske militêre bases op Okinawa, mei spesjale privileezjes foar de dêr legere Amerikaanske troepen. Yn 1995 kaam de ûnfrede fan 'e Okinawanen oer de status fan harren eilân, dy't neffens har feitlik delkomt op dy fan in Amerikaanske koloanje, ta útbarsting troch de ferkrêfting fan in tolvejierrich famke troch trije Amerikaanske mariniers. Hoewol't de dieders neitiid yn 'e Feriene Steaten feroardiele waarden ta 6½ oant 7 jier finzenisstraf, waard dat fûnis troch de Okinawaanske befolking as fierstente leech beskôge en late it ta in nije weach fan opskuor. Neitiid hawwe ferskate soartgelikense foarfallen ta nije rebûlje op it eilân laat. Dêrby rjochte de lulkens fan 'e eilanners him net inkeld op 'e Amerikanen, mar fral ek op it Japanske regear, dat har foar harren gefoel allegeduerigen oan it koartste ein lûke lit.
Sûnt 2010 is it âlde konflikt tusken Sina en Japan oer de sizzenskip op 'e Rjûkjû-eilannen nij libben ynblaasd, om't beide lannen (en ek Taiwan) oanspraak meitsje op 'e ûnbewenne Senkakû-eilannen. De reden dêrfoar is uteraard ekonomysk, mei't der by dy eilannen nei alle gedachten grutte foarrieden oalje en gas yn 'e grûn sitte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|