Rjoerik (Aldnoarsk: Rørik, Syrillysk: Рюрик; Rjoerik; "ferneamde regint") wie in Wytsingehaadman en de earste foarst fan Novgorod en tagelyk stamhâlder fan de nei him ferneamde dynasty, dy't oer it Kiëvske Ryk hearske en oant 1598 oer Ruslân hearske. Rjoerik wurdt as grûnlizzer beskôge fan wat no Ruslân en Oekraïne is.

Rjoerik
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Novgorodysk
bertedatum 830
berteplak ?
stjerdatum 879
stjerplak Novgorod
dynasty Rjoerikiden
etnisiteit Farjaachsk (?)
foarst fan Novgorod
regear 862–879
opfolger Oleg de Wize

De krekte jiertallen fan syn berte en ferstjerren binne ûnbekend, mar de meast neamde jiertallen binne 830 resp. 879.

Oer de persoan fan Rjoerik besteane ferskillende teoriën. Dêrfan binne fjouwer dy't foar ûndersikers ynteressant binne:

Deenske teory

Ien fan de manlju dy't foarst Rjoerik fan Novgorod mooglik west hawwe kin, soe Roarik fan Jutlân wêze, ek bekend as Roarik fan Fryslân. Roarik wie de broer (of neef) fan de Deenske kening Harald Klak. De namme Roarik wurdt foar it earst yn 845 neamd by de oanfal fan in groep plonderaars yn de Fryske lannen en oare plakken oan de Ryn. Keizer Lotarius I joech Roarik Doarestêd op betingst dat Roarik him dope liet. Yn 855 besocht Roarik by in trocht nei Jutlân om 'e nocht de fakante troan fan de ferstoarne kening Hoarik I oer te nimmen. Der bestiet in oantekening út 882 oangeande de skinking fan Fresia oan Godfryd de Wytsing, dy't de dea of it fertrek fan Roarik suggerearret.

Undertusken besteane yn de argiven gjin oanwizings dat Roarik by syn mooglike reizen fierder eastlik fan it Baltikum west hat. Syn keppeling mei Rjoerik fan Novogorod is suver taalkundich: syn besit yn it goa Rustri (Rustringen) kin de namme ferklearje, wêrmei't Rjoerik's manlju harrensels yn Ruslân bekend makken ('Rustres', dat tichteby 'Rus' komt).

Sweedske teory

De Sweedske teory ferbynt Rjoerik fan Novgorod oan de Deen Erik Emurdarsson, kening fan Uppsala yn Sweden. De Iislânske skald Snorri Sturluson ferhelle oer syn grutte tal reizen nei Estlân, Koerlân, Finlân en Austerlân, dêr't er in soad grûn hie. It Austerlân wie in namme dy 't Skandinaavjers faak brûkten om de lannen eastlik fan de Eastsee mei oan te tsjutten, it tsjintwurdige Ruslân dus.

Prussysk-Baltyske teory

De Prussysk-Baltyske teory waard ûntwikkele troch Gerbentschtein, in 16e-iuwske Eastenrykske ambassadeur yn Moskoovje. Neffens him neamde in Baltyske stamme, dy't troch harren Dútske en Skandinavyske buorlju Wenden neamd waarden, harrensels Wagri. Hy fierde oan dat de Slaven yn dy tiid in Wagri folle earder akseptearje soene om oer har te regearjen as in Varjaach, om't dy't taalkundich en kultureel mear oan har besibbe wiene. Dizze teory waard ek ferdigene troch Lomonosov, dy't opmerkte dat de Slaven harren Prusyske buorlju "Rûs" neamden. Rjoerik soe neffens dizze teory út it Memelgebiet komme.

Finsk-Slavykse teory

Neffens de Finsk-Slavyske teory is Rjoerik in Varjaach, dy't oer gebieten yn Finlân hearske. Syn iennige ferbining mei Rjoerik fan Novgorod is in mooglik houlik mei Umila, de dochter fan Gostomisl.

Gjin fan de teoriën neamt de hypotetyske bruorren fan Rjoerik, Truvor en Sineus. Neffens guon teoriën wiene hja earder wapenbruorren dan bruorren yn 'e betsjutting fan sibben.

Politike teoryën

Sterk politisearre is de teory fan nasjonaalsosjalistyske skiedkundigen, dy't yn de Slavyske oprop oan Rjoerik om oer harren te hearskjen it bewiis seagen fan it dúdlike ûnfermogen om harrensels te rêden en Germaanske oerhearsking nedich hiene. It soarge foar in tsjinreaksje fan Sovjet-skiedkundigen, dy't it bestean fan Rjoerik hielendal yn 'e kiif stelden of him foarstelden as in Slavysk lieder, basearre op it idee dat gjin inkel lân in lieder mei in oare taal, kultuer en godstsjinst akseptearje soe. Dat idee hâld gjin stân om't de noardlike Slaven en de eastlike Varjagen sterke kulturele bannen meiïnoar hiene, fral op religieus mêd mei ferskillende mienkiplike goaden. De Varjagen tsjinnen boppedat faak as hierlingen yn Slavyske lannen, in soad waarden mei lân útbetelle, hja setten harren dêr nei wenjen en waarden lang om let sels ek Slavysk. En alhoewol't de Varjagen regelmjittich de Slavyske rivieren brûkten om nei Konstantinopel te silen, wurdt nearne skreaun oer taalkundige misferstannen. De Noard-Slaven brûkten nei alle gedachten in alfabet dat tichteby it Skandinavyske runenalfabet lei. Dy kontakten ûntkrêftsje fuort ek de nazy-teoriën oer in Dútske of sterk Germanisearre Rjoerik.

Machtsoername

bewurkje seksje
 
Oankomst fan Rjoerik
Viktor Vasnetsov (1848-1926)

Der is net in soad bekend oer de fraach hoe't Rjoerik oan de macht kaam. Neffens âlde kroniken waard er mei syn bruorren Truvor en Sineus troch stamhaden frege om oer Novgorod en syn fazalstêden Staraja Ladoga, Beloozero en Izborsk te hearskjen. Hja woene immen foar dy taak, dy't net mei alle ûnderlinge wrok, strideraasjes en oare swierrichheden belêste wie en hiene in grutte bewûndering foar de Wytsings mei harren kennis op militêr en wittenskiplik mêd. Sa nuver wie dat yn dy tiid net om in berop te dwaam op in lieder út it bûtenlân. Der wiene ferskillende soartgelikense gefallen, benammen yn Poalen en Feneesje. In soad skiedkundigen hawwe lykwols grutte twifel oer dit ferhaal.

 
Rjoerik op it milleniummonumint foar de Sofiakatedraal yn Novgorod

Foar skiedkundigen dy't de autentisiteit fan de kroniken betwifelje wie it foar Rjoerik ienfâldich om in pear grutte plakken te oermasterjen en himsels út te roppen ta foarst, sûnder dêrfoar de tastimming fan Slavyske lieders te freegjen.

Doe't Rjoerik ienris de macht hie yn Novgorod, Izborsk en Lagoda, besocht er fanút it noarden en easten Ruslân te ferienigjen. Hy naam Moerom, Polotsk en Rostov yn en in tal minder belangrike stêden. En alhoewol't it net dúdlik is of dat sa sûnt it begjin sa wie, waard der yn de Slavyske stêden fan in tribaal stamferbân oergien op in feodaal systeem. De stamhaden regearren net mear allinne oer harren sibben, mar hiene eale fazallen om haren hinne, dy't as swiere kavalery op de slachfjilden tsjinnen. Under ynfloed fan de Varjagen fûn der ek in technologyske revolúsje plak, lykas yn de skipfeart en yn de metaalferwurking.

Rjoerik soe yn it jier 879 yn Novgorod stoarn wêze, dêr't syn lichem neffens heidenske riten ferbaarnd waard. Syn njoggenjierrige soan Igor folge him ûnder regintskip fan Oleg op, dy't de feriening fan de Kiëvske Rûs foltôge.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Riourik