Roardaboarch wie in stins by Frjentsjer, besuden de Frjentsjerter Feart en benoarden Lytselollum.

Roardaboarch yn 1747

De stins wurdt foar it earst neamd yn de 16e iuw at er bewenne wurdt troch Sybrant Roarda. Hy is de lêste manlike neisiet út in laach dat syn namme oan de boarch joech. Syn dochter Perck trout mei Pybe Eminga fan Skingen, wêrmei't it hûs yn dy famylje komt.
Nei de dea fan Perck en Pybe erft harren soan Albert Eminga fan Skingen de stins. Hy waard protestant en wie grytman fan Frjentsjerteradiel fan 1652 oant 1662. Hy boarske earst mei Maria thoe Schwartzenberg en nei har dea mei Foockel fan Botnia fan Ald-Botnia yn Frjentsjer. Nei syn dea erfde syn roomsk bleaune suster Catharina, frou fan Alef fan Aggema, de stins. Sadwaande komt it hûs yn de famylje Fan Aggema, mar net foar lang.

Catharina en Alef hawwe allinnich in dochter Catharina en hja ferkeapet yn 1692 it hûs oan Gerrolt fan Cammingha en Catharina Victoria fan Sternsee. It slot wurdt erfd troch harren soan Sjuck fan Cammingha, mar by syn dea die bliken dat syn besittings sa swier belêste wiene, dat syn erfgenamten de erfenis fersmite. Ut de boel keapet Tiberius Pepinus fan Eminga fan Wiardastate yn Goutum it hûs, mar ferkeapet dit 2 jier letter alwer. Uteinlik wurdt it slot yn 1765 sloopt.

Nei de Reformaasje hat de Roardaboarch in skoft skûltsjerke west foar de roomsk-katoliken, dy't yn de streek om Frjentsjer harren leauwe trou bleaune. Hjirta hearden ek in soad aadlike famyljes, lykas de Liauckama's yn Seisbierrum en de Cammingha-Sternsee's yn Frjentsjer. Se mochten harren godstsjinst net mear iepentlik belide en kamen gear yn saneamde skûltsjerken.

Fan de Roardaboarch binne meardere ôfbylden bewarre bleaun út de achttjinde iuw. Dy ôfbylden jouwe net inselde byld fan it hûs. Op de tekening fan Jacobus Stellingwerf út sirka 1720 is in hast dûbelbeukich dwershûs mei trepgevels en mei in nei foaren springende yngongspartij mei treptop en inkele bygebouwen te sjen. It hûs stie op in omgrêfte terrein dat allinnich fia in poartegebou mei trepgevels en dekt troch in sealdak, dat oer de grêft stie, berikber wie.
Hast 20 jier letter makke Piter ldserdts in tekening fan de Roardaboarch. Hjirop stiet it poartegebou net mear. Dêrfoar yn it plak is in leafgong en in lattenpaviljoen. It haadgebou bestiet út mar ien ûnderkeldere boulaach. Links fan de yngonspartij sitte trije ramen, wylst rjochts fiif ramen oanbrocht binne. Dit binne mei elkoar mear ramen as't op de tekening fan Jacob Stellingwerf te sjen binne. De foarútspringende yngongspartij hat no in poarteyngong en op de krusing fan de daknokken stiet in mânske achtsidige skoarstien. Fierders is rjochts fan it foarplein noch in skuorre en efter it gebou in pear bygebouwen.
En dan is der noch in tredde ôfbylding bewarre bleaun. Hjirop is de Roardaboarch lykwols in ruïne. De ruïne hie frij hege muorren, dy't der op wize kinne dat de linkervleugel mooglik ûnderkeldere wie mei ien boulaach en de rjochterfleugel twa boulagen hie.

  • 16e iuw Sybrant Roarda
  • Perck fan Roarda, troud mei Pybe Eminga fan Skingen
  • ± 1652 - ± 1662 Albert Eminga fan Skingen
  • Catharina Eminga fan Skingen, troud mei Alef fan Aggema
  • - 1692 Catharina fan Aggema
  • 1692 Gerrolt fan Cammingha, troud mei Catharina Victoria fan Sternsee
  • Sjuck fan Cammingha
  • 1719 - 1721 Tiberius Pepinus fan Eminga

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: