Robert Johnson
Robert Johnson (8 maaie, 1911 - 16 augustus, 1938) is neffens guon de meast ynfloedrike sjonger en gitarist fan de delta blues yn de histoarje. Hy is berne yn Hazelhurst yn de steat Mississippy yn de Feriene Steaten.
Opnames fan Johnson
bewurkje seksjeYn syn koarte bestean soe Johnson mar 29 nûmers opnimme. Yn twa opnamesesjes waarden 41 opnames makke (de measte nûmers 2x). De earste sesje wie yn novimber 1936 yn San Antonio (Texas) en de twadde yn juny 1937 yn Dallas. De meast ferneamde ûnder dizze opnamen binnen "Sweet Home Chicago", "Crossroads", "Terraplainblues" en "Preaching the Blues", dy't allegear yn lettere jierren frekwint troch oare artysten spile wurde soenen.
De rol fan Johnson
bewurkje seksjeAlhoewol Robert Johnson faak "de bêste blues sjonger ea" neamd wurdt, binne in soad harkers teloarsteld as se syn wurk foar it earst hearre. It klinkt datearre, allinne al fanwege de opnamekwaliteit en ûnbekendens. De orizjinaliteit fan Johnson wurdt faak oerdreaun: hy hat wis de blues net útfûn: dy waard al 15 jier regelmjittich opnommen.
Syn krêft lei yn it bewurkjen fan âldere, tradisjonele blues nei in nije, bettere foarm. Hy wie beynfloede troch Son House mei syn rûge stim en snerpende 'riffs' op de slidegitaar, dy't sjoen wurdt as de útfiner fan de delta blues. Johnson foege dêr de jazzy elementen fan Lonnie Johnson oan ta. Johnson hie ek goed lústere nei Leroy Carr, yn dy tiid faaks de bekendste bluesartyst.
It Johnson lûd
bewurkje seksjeJohnson mikste dy ynfloeden ta in nij lûd dat helder en artistyk klonk. De wize wêrop hy de bas-snaren brûkte foar it ûnderhâlden fan in stevich, rôljend ritme is goed te hearren yn "Sweet Home Chicago", wylst syn foarkar foar jazzy akkoarden en melodyske ekstperimenten op de hege snaren yn kombinaasje mei in folslein ôfwikende fokale meldij werom komt yn "Walking Blues".
Der binne muzykologen dy't de maatskippijen dy't de opnames fan Johnson makke hawwe der fan fertinke dat sy, om in nije 'sound' te kreëarjen, de snelheid fan de oarspronklike opnamen mei 25% opskroeve hawwe. It is net mear te bewizen, mar as de snelheid fan de opnamen mei 20% ferlege wurdt, ûntstiet in lûd dat foar dy tiid mear wenst wie en sterk tinken docht oan de opnamen fan Son House.
Tiidgenoaten en lettere ûntwikkeling
bewurkje seksjeJohnson spile mei de jonge Howlin' Wolf en Sonny Boy Williamson II. Hy wie de mentor fan Elmore James en ynspirearre Muddy Waters om de bluesmuzyk yn te gean. Al dy muzikanten en oaren dy't yn de 50-er jierren de Chicago Blues ûntwikkelden, spilen yn feite de muzyk fan Robert Johnson, mar dan elektroanysk fersterke. Sa hat Robert Johnson in direkte bân mei de betide blues, de Chicago blues en de dêrút ûntstiene betide rock and roll. Noch letter hearden Keith Richards en Eric Clapton ta de 'fanclub' fan Robert Johnson. Clapton soe yn 1974 op de LP 461 Ocean Boulevard de Johnson-komposysje I'm a Steady Rollin' Man by in grut, nij publyk bekend meitsje. Yn 2004 ferskynde fan Eric Clapton de CD Me and Mr. Johnson mei 14 nûmers fan Robert Johnson.
Fermoarde
bewurkje seksjeRobert Johnson ferstoar op 16 augustus 1938 yn Greenwood, neidat hy 3 dagen dêr foar siik wurden wie, troch it drinken fan fergiftige whiskey. Der giene lûden dat de man mei waans frou Robert Johnson in affêre hie, syn moardner wie. Der fûnen lykwols gjin arrestaasjes plak en de offisjele deadsoarsaak waard fêststeld as "gjin dokter".
Leginde
bewurkje seksjeNeffens in faak de kop opstekkend ferhaal soe Johnson syn siel ferkocht hawwe oan de Duvel. As beleaning soe hy de bêste gitarist fan de wrâld wurde. It ferhaal waard benammen yn stân hâlden troch Son House, mar yn syn wurk binne dêr ûndanks titels as "Me and the Devil Blues" en "Hellhound on my Trail" gjin ferwizingen nei te finen.
Opnommen titels
bewurkje seksjeUndersteand de 29 nûmers dêr't opnames fan makke binne:
- Kind hearted woman blues
- I believe I'll dust my broom
- Sweet home Chicago
- Rambling on my mind
- When you got a good friend
- Come on in my kitchen
- Terraplane blues
- Phonograph blues
- 32 20 blues
- They're red hot
- Dead shrimp blues
- Crossroads blues
- Walkin' blues
- Last fair deal gone down
- Preachin' blues
- If I had possession over judgement day
- Stones in my passway
- I'm a steady rollin' man
- From four till late
- Hellhound on my trail
- Little queen of spades
- Malted milk
- Drunken hearted man
- Me and the devil blues
- Stop breakin' down blues
- Travelling riverside blues
- Honeymoon blues
- Love in vain
- Milkcow's calf blues