Robert Wiene
Robert Wiene (Breslau, 27 april 1873– Parys, 16 juny 1938) wie in wichtich filmregisseur fan de Dútske stomme film.
Robert Wiene waard berne yn Breslau,[1] as de âldste soan fan de súksesfolle teaterakteur Carl Wiene. Syn jongere broer Conrad waard ek akteur, mar Robert Wiene studearre earst Rjocht oan de Universiteit fan Berlyn. Yn 1908 begûn er ek mei toanielspyljen, yn 't earstoan lytse rollen. It earst wie er belutsen by in film yn 1912; doe skreau er it draaiboek foar Die Waffen der Jugend.
De films dêr't er it meast mei ferbûn wurdt binne de horrorfilm It Kabinet fan Dr. Caligari (1920) en Raskolnikov (1923), nei Fjodor Dostojevski's roman Misdied en straf, dy't beide in grutte ynfloed hiene op de doetiidske Dútske film.
Nei't Hitler de macht oernaam hie yn Dútslân, ferfarde Wiene earst nei Boedapest, dêr't er One Night in Venice (1934) regisearre, letter nei Londen, en úteinlik nei Parys, dêr't er besocht om in lûdferzje fan 'It kabinet fan dokter Kaligary' te meitsjen, tegearre mei Jean Cocteau.
Wiene stoar yn Parys oan kanker, tsien dagen foar de ein fan de produksje fan de spionaazjefilm Ultimatum. De film waard ôfmakke troch Wiene's freon Robert Siodmak.
Filmografy (karút)
bewurkje seksje- 1919 (útbrocht yn 1920) 'It Kabinet fan Dr. Caligari'
- 1920 Genuine
- 1921 Die Rache einer Frau
- 1923 Raskolnikow
- 1923 I.N.R.I.
- 1924 Orlacs Hände
- 1926 Der Rosenkavalier
- 1930 Der Andere
- 1931 Der Liebesexpress
- 1934 One Night in Venice
- 1938 Ultimatum