Robin van Persie (Rotterdam, 6 augustus 1983) is in eardere Nederlânske proffuotballer dy't spile as sintrale spits, skaadspits, middenfjilder as wjukspiler. Hy spile tusken 2001 en 2019 foar Feyenoord, Arsenal, Manchester United, Fenerbahçe en opnij Feyenoord. Van Persie debutearre yn juny 2005 yn it Nederlânsk alvetal. Dêrfan waard hy yn 2013 de kaptein en topskoarder fan alle tiden. Hy fertsjintwurdige Nederlân op trije wrâldkampioenskippen (2006, 2010 en 2014) en twa Europeeske kampioenskippen (2008 en 2012). Op 12 maaie 2019 spile er syn lêste wedstriid as proffuotballer yn de earedifyzje mei Feyenoord tsjin ADO De Haach.

Robin van Persie
Van Persie by Fenerbahçe, febrewaris 2016
Van Persie by Fenerbahçe, febrewaris 2016
persoanlike bysûnderheden
namme Robin van Persie
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 6 augustus 1983
berteplak Rotterdam
etnisiteit Nederlânsk
klupskiednis
posysje oanfallende middenfjilder,
skaadspits,
spits
jeugdteams
1997 - 2001 Excelsior
Feyenoord
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
2001 - 2019 Feyenoord
Arsenal
Manchester United
Fenerbahçe
435 (204)
nasjonaal team
2005 - 2017 flagge fan Nederlân Nederlân 102 (50)
trainer by
2020 - 2024
2024
Feyenoord (assistint trener)
SC It Hearrenfean

Sawat in jier nei syn ôfskied as fuotballer kearde Van Persie werom yn de fuotballerij. Op 5 maart 2020 makke Feyenoord haadtrainer Dick Advocaat bekend dat Van Persie assistint trener wurde soe by de klup dy't er twa perioades tsjinne. Yn april 2024 tekene Van Persie in kontrakt by SC It Hearrenfean om op 't Fean as haadtrainer oan de slach te gean.