Rodion Cămătaru
Rodion Gorun Cămătaru (Strehaia, 22 juny 1958) is in earder Roemeensk proffuotballer.
Rodion Cămătaru | ||
Rodion Cămătaru om en de by 1990 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme | Rodion Cămătaru | |
bynamme | Cammie | |
nasjonaliteit | Roemeensk | |
bertedatum | 22 juny 1958 | |
berteplak | Strehaia | |
klupskiednis | ||
posysje | Oanfaller | |
jeugdteams | ||
1970-1974 | Progresul Strehaia | |
profesjonele feriening(s) seizoen klup wedstr.(goals) | ||
1974-1986 1986-1989 1989-1990 1990-1993 |
Universitatea Craiova Dinamo Boekarest Sporting Charleroi SK It Hearrenfean |
288(122) 89(76) 29(6) 63(23) |
nasjonaal team | ||
1978-1990 | Roemeenje | 75(22) |
Libbensrin as spiler
bewurkje seksjeCămătaru spile yn de jeugd, fan 1970 oant 1974, by Progresul Strehaia. Hy spile it grutste part fan syn karriêre foar de Roemeenske klups Universitatae Craiova en Dinamo Boekarest. Foar Craiova debutearre hy yn 1974, hy soe hjir 12 jier fuotbaljen bliuwe. Yn dizze jierren wint Cămătaru yn 1980 en 1981 de Divizia A, de Roemeenske Earedifyzje. Ek hellet hy mei de klup yn 1983 de heale finale fan de UEFA Kup en wint hy fjouwer kear it Roemeenske bekertoernoai.
Yn 1986 giet hy foar Dinamo Boekarest fuotbaljen. Hjir sil hy yn syn earste seizoen by de klup, it seizoen 1986/1987, mei 44 doelpunten út 33 wedstriden de Jeropeeske Gouden Skoech winne. De topskutterstitel soarget noch hieltyd foar gespreksstof. Der wurdt sein dat de titel manipulearre waard, omdat de lêste tweintich doelpunten fan Cămătaru yn de lêste seis wedstriden fan it seizoen makke waarden. Dêrom hat de nûmer twa fan dat jier, Toni Polster, ek in Gouden Skoech krigen. Yn 1989 ferhuzet Cămătaru op 'e nei fan klup. Hy giet foar it Belgyske R. Charleroi SC fuotbaljen.
By Charleroi wol it skoaren net slagje en yn de winter fan 1990 giet hy oer nei SK It Hearrenfean. By It Hearrenfean wurdt Cămătaru benammen brûkt as brekizer. Yn dizze tiid wurdt hy tige populêr ûnder it publyk fan SK It Hearrenfean. Syn lêste offisjele wedstriid wie de finale fan KNFB-beker op 20 maaie 1993 tsjin Ajax. Yn de wedstriid dêr't mei 6-2 yn ferlern waard skoarde hy ien kear.
By syn ôfskie by SK It Hearrenfean krige Cămătaru in bus yn de kleuren fan de Fryske flagge en 36.000 gûne (16.200 euro) oanbean foar in skoalle foar handikepte bêrn yn Roemeenje.
Cămătaru hat hy yn 47 Jeropeeske fuotbalwedstriden spile, dêr't er 7 kear yn skoarde. Mei syn 198 doelpunten yn de Roemeenske kompetysje stiet hy twadst op de Roemeenske topskutterslist fan alle tiden.
Statistiken
bewurkje seksjePerioade | Klup | Lân | Kompetysje | Wedstriden | Doelpunten |
1972-1974 | Progesul Strehaia | Roemeenje | - | - | - |
1974-1986 | Universitatae Craiova | Roemeenje | Divizia A | 288 | 122 |
1986-1989 | Dinamo Boekarest | Roemeenje | Divizia A | 89 | 76 |
1989-1990 | R. Charleroi SC | Belgje | Earste Klasse | 29 | 6 |
1990-1993 | SK It Hearrenfean | Nederlân | Earedifyzje | 42 | 13 |
Totaal | 448 | 216 |
In dizze list binne allinnich de wedstriden en doelpunten yn de nasjonale kompetysjes te sjen.
Nasjonale âlvetal
bewurkje seksjeCămătaru spile 75 ynterlannen foar Roemeenje en sette dêryn 22 doelpunten. Hy makke syn debút foar it âlvetal op 13 desimber 1978 tsjin Grikelân.
Ek hat Cămătaru treie wedstriden foar it Roemeenske âlvetal ûnder -21 spile. Hjiryn skoarde hy ien kear.
Nei en nêst syn fuotbalrin
bewurkje seksjeCămătaru hat in stúdzje Ekonomy mei súkses ôflein.
Nei syn fuotbalkarriêre wie Cămătaru fan 1994 oant 1996 foarsitter fan Universitatea Craiova. Dêrnei gie hy oan de slach as sakenbehertiger fan fuotballers. Yn 2003 en 2004 wie hy de sportdirekteur fan Universitatea Craiova. Fan 2004 oant 2006 wie hy gemeenteriedslid yn Craiova.
Tsjintwurdich is Cămătaru in sakeman yn Roemeenje.
Prestaasjes
bewurkje seksjeOars
bewurkje seksje- De bynamme fan Cămătaru is Cami.
- It winkeltsje dat Cămătaru hân hat yn Craiova hie de namme Heerenveen.