Roel Slofstra
Roel Iete Slofstra (Zwartemeer, 19 febrewaris 1939) is in trûbadoer en wennet yn Rie.
Libben
bewurkje seksjeAs soan fan Jan Slofstra begûn er in stúdzje oan de Keninklike Akademy foar Byldzjende Keunsten. Letter studearre er oan it Keninklik Konservatorium yn Den Haach. Yn 1969 kaam hy nei Fryslân om te wenjen en begûn in karriêre as Fryske trûbadoer. Hy begeliedet himsels en lit him ûnder oare troch Wilco Tukker op gitaar begeliede. Roel Slofstra trede net allinnich op yn Nederlân mar ek yn Dútslân en Belgje. Dêrby wurke hy ek gear mei de Flaamske groep 't Kliekske. Slofstra brûkt in soad teksten fan dichters (û.o. Fedde Schurer, Sybe Krol, Baukje Wytsma en David Hartsema) en folksferskes. De muzyk fan syn lieten is ûnder mear makke troch Louise Godin, Jan Slofstra en himsels. "Oer-Trûbadoer" Roel Slofstra song ek tegearre mei Maaike de Wilde.
Tekstbondel
bewurkje seksjeYn de bondel Alter ego, Lieten (2007) steane de teksten fan synn lêste twa cd’s, dy't er sels skreaun hat. De teksten fan it album Poste restante (2000) gean foaral oer de leafde en meast oer de leafste dy't yn de steek litten wurdt. Op Wis en wrachtich (2006) stean lietsjes oer de dea fan syn mem (Ofskie), de âlde Frânske adel (Compiègne), oer de renovaasje fan syn hûs (De luchter), syn kollega Piter Wilkens (in sekere Piter W.), syn hûn (Pelle) en skerpe teksten oer de amtnarij nei de Twadde Wrâldkriich (Bryk jild) en syn grifformearde jeugd (De koepeltsjerke en Kryst).
Yn 2008 ferskynde de poëzijbondel Alter Ego mei lietteksten en gedichten.
Diskografy
bewurkje seksjeEP's
bewurkje seksje- Leeuwarden ( mei muzyk fan Cees Bijlstra, VVV Friesland Vivo 6802385, 19??)
- O Krysttijd, o dû wûnd're dei (1972)
LP's
bewurkje seksje- In spyltuech bin ik (1969)
- O Fryslân sa fol swidens (1971)
- 't Hert sil tille fan syn wille (Elf Provinciën, ELF 15.18, 1973)
- It goede libben (1974)
- Hjoed in jier (Philips 6416 119, 1978)
- De Histoarje fan Eije Wijkstra (Universe DLS 33, 1980)
- Freegje de kaai by de koster (1980)
CD's
bewurkje seksje- Ferskes út Fryslan 1 (Dureco, 1995)
- Ferskes ut Fryslan 2 (Dureco, ?)
- Roel Slofstra singt Sybe Krol: "Moai yn september (Marista, MCD 4508, 1994)
- Fjoerfûgel (Marista MCD 5410, 1998)
- Poste restante (Marista, 2000)
- De Histoarje fan Eije Wijkstra (2005)
- Wis en wrachtig (Marista MCD 7424, 2008)
- In spyltuech bin ik/It goede libben (werútjefte troch Wobbe van Sijen, 2015)
CD's mei oaren
bewurkje seksje- De Beste fan Omroep Fryslân, diel 3 (Marista MCD 5380, 1998)
- Fryslân muzyklân (Marista, ?)
- Fryslân muzyklân, 2 (Marista MCD 5940, 2001)
- Rûzje wyn..., lieten út Fryslân sjongt (Omrop Fryslân Afûk 001, 2000)
- Dutch rare folk (2-CD Food for thought FFT 7060157, 2007)
- Cohen in het Fries (Foreign Media Music, 2008)