Roeteensk (русинськый язык, rusyns'kŷi iazŷk) is in East-Slavyske taal sprutsen troch de Roetenen. Mieningen ferskille ûnder linguïsten oer of it Roeteensk in aparte taal is of in dialekt fan it Oekraynsk. De politike eftergrûn fan de kwestje jout ekstra wicht oan dy diskusje.

Roeteensk
algemien
lânseigen yn Oblast Transkarpatië (Oekraïne), eastlik Slowakije, súdlik Poalen, Hongarije, noardlik Roemeenje, Vojvodina
tal sprekkers 60.000
skrift it Sirillyske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk - Slavyske talen - East Slavysk - Roeteensk
taalstatus
offisjele status Ofisjeel yn Vojvodina, Slowakije (as minderheidstaal)
taalkoades
ISO 639-1 -
ISO 639-2 -
ISO 639-3 rue

Roeteensk wurdt sprutsen yn de Oekraynske regio Transkarpatië, it noardeasten fan Slowakije, it súddeasten fan Poalen (dêr’t it ek wol łemkowski neamd wurdt, fan it wurd lem/лєм wat "inkel", "mar" betsjut) en Hongarije. Bytiden wurdt it Pannoanysk ta it Roeteensk rekkenne, mar guon taalkundigen beskôgje Pannonysk as in West-Slavyske taal. Yn Oekraïne wurdt Roeteensk meastentiids as in dialekt fan it Oekraynsk beskôge, omdat it sa tichteby it dialekt fan de Hoetsoelen leit, dy’t in dialekt fan it Oekraynsk sprekke.

It mannich kear besykjen om in Roeteenske standerttaal te ûntwikkeljen, wurde dreger makke trochdat de taal ferdield is oer fjouwer lannen. Yn alle fan dy lannen bestiet in oare stavering en grammatika, basearre op ferskate Roeteenske dialekten. De kulturele sintra fan it Karpaten-Roeteensk binne Prešov yn Slowakije, Oezjhorod en Moekatsjeve yn Oekraïne, Krynica Zdrój en Legnica yn Poalen en Bûdapest yn Hongarije. Der wenje ek hiel wat aktive Roetenen yn Kanada en de Feriene Steaten.

It is tige dreech om in goede skatting fan it tal sprekkers te jaan. Guon skattings komme út op hast ien miljoen.

It Roeteensk is in offisjele taal yn de regio Vojvodina yn Servje. Okkerjiers is de taal yn Slowakije erkend as minderheidstaal yn gemeenten dêr’t mear as 20% fan de befolking Roeteensk sprekt.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  • Ethnologue oer it Roeteensk [1]