Rolde is in doarp yn de Drintske gemeente Aa en Hunze. It is oarspronklik in iesdoarp en it hat ferskillende brinken. Rolde leit oan de strjitwei N33 tusken Assen en Iemshaven. Mot-oren (mot = sûch), Bokkies (net sok foarnaam jongfolk) en Lawaaimakers wiene skelnammen foar de ynwenners fan Rolde.[1]

Rolde
Map NL - Aa en Hunze - Rolde.png Rolde yn de gemeente Aa en Hunze
Flagge Wapen
Rolde vlag.svg Rolde wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 3.770 (2020)
Polityk
Lân Flag of Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Drenthe.svg Drinte
gemeente Flag of Aa en Hunze.svg Aa en Hunze
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2

NammeBewurkje

De namme Rolde ûnstie út Rotlo (1232), letter Roetlo en evoluearre dêrnei fan Roelte nei it tsjintwurdige Rolde. De betsjutting fan Roetlo kin wêze 'read bosk', mar mooglik ek 'roaid bosk'.

SkiednisBewurkje

 
Jakobustsjerke, Rolde

Rolde-Balloo wie eartiids in wichtich sintrum yn Drinte. Rolde wie it haadplak fan Drinte en it Rolderdingspil. Oant fier yn de 17e iuw wie Rolde it bestjoerlike sintrum. Ek kaam it heechste rjochtskolleezje fan Drinte yn Rolde gear. Yn 1688 ferlear Rolde dy status oan Assen.

It besjen wurdichBewurkje

  • De Jakobustsjerke waard nei alle gedachten yn it earste fearn fan de 15e iuw boud. De foarse toer fan de goatyske tsjerke tsjut op it eardere betsjutting fan Rolde as haadplak fan it dingspil.
  • Eastlik fan it begraafplak lizze de twa hunebêden D17 en D18.
  • De Mûne fan Rolde oan de Brink datearret fan 1873.
  • Yn it doarp binne noch in tal âlde Saksyske pleatsen bewarre bleaun.

MuseumBewurkje

  • Museum Het Dorp van Bartje (ynformaasjesintrum en streekmuseum), Balloërstrjitte.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: