Jakobustsjerke (Rolde)

De Jakobustsjerke oan de Tsjerkebrink is in goatysk tsjerkegebou fan de PKN yn it Drintske doarp Rolde.

Jakobustsjerke

Jakobuskerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Rolde
adres Tsjerkebrink
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 15e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 32698 [1]
offisjele webside
PKN Rolde

Al sûnt 900 hawwe der in tal houten tsjerken yn Rolde stien. In earste stiennen tsjerke waard om 1200 hinne in romaanske tsjerke boud, mar de hjoeddeiske goatyske tsjerke datearret fan de 15e iuw. De 52,75 meter hege toer waard it earst boud, nei alle gedachten troch Johan die Werckmeister, en dêrnei it skip mei it koer.

De tsjerke waard ek iuwenlang brûkt foar de rjochtspraak. It Rolderdingspel hie in wichtige posysje yn Drinte.

By in restauraasje yn de jierren 1960 is in Jakobsskelp op it plak fan in alter fûn. Dêrom wurdt oannommen dat Jakobus de patroanhillige fan de tsjerke wie. Ek Kosmas en Damianus wurde as patroanhilligen fan de tsjerke neamd. By deselde restauraasje waarden ek de triomfbôge en it stiennen ferwult yn it koer rekonstruëarre, dy't yn 1845 weibrutsen wiene.

 
Preekstoel

De preekstoel yn de tsjerke is 17e-iuwsk en waard troch Dirck Bijmholt makke. Ut deselde tiid datearje it offerblok en de nachtmielstafel. Opfallend binne de brânskildere ramen yn it koer, dy't by grutte restauraasje yn de jierren 1960 skonken binne troch de provinsje Drinte. De ramen binne makke troch glesker Joep Nicolas. Seis ramen binne wijd oan de dingspels fan Drinte. Yn de flier lizze 17e- en 18e-iuwske grêfsarken. Ek leit oan de noardlike kant fan it koer in fragmint fan de 12e iuwsk lid fan in sarkofaach. It doopfont yn it koer liket in romaansk doopfont te wêzen, mar it is in replika út 2008 fan it 13-iuwske doopfont fan de Bonifatiustsjerke fan Vries. De earn oan de súdlike muorre fan it skip wie oarspronklik dekoraasje oan de oargelkas, en is by de restauraasje fan it oargel yn 1978-1981 ferwidere.

Yn de fitrine lizze inkelde fragminten fan bylden út de roomske tiid, dy't yn in kûle op it tsjerkhôf werom fûn binne.

 
Oargel

It oargel fan de tsjerke waard mooglik om 1820 boud troch Jacobus Armbrost út Haaksbergen. It is net bekend foar hokker tsjerke Armbrost it oargel oarspronklik boude. Yn 1847 waard it ynstrumint troch H.J. Langendijk, in ûnderoannimmer fan Petrus van Oeckelen, yn de tsjerke fan Rolde boud en op 28 novimber fan dat jier yn gebrûk nommen. It oargel is yn de rin fan de tiid ferskate kearen restaurearre en feroare.

Yn de jierren 2001-2002 sette Mense Ruiter in fasearre restauraasje fan it oargel útein, werby't it útgongspunt wie it oargel safolle mooglik yn de sitewaasje fan 1847 werom te bringen. Dy restauraasje waard yn 2012 foltôge. It twamanualige ynstrumint hat 23 registers ferdield oer haadwurk, boppewurk en pedaal.[2]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: