It Rottingahûs wie in stins yn in Dokkum, gemeente Dongeradiel. Fan de stins is neat werom te finen.

Dokkum 1816

It boujier is ûnbekend, mar de stins is krektas it Mockema Blauhûs al yn de 16e iuw ferdwûn. De oarsaak dêrfan soe wêze kinne dat Dokkum de meast Fetkeaperske stêd fan hiel Fryslân wie. Dat betsjutte dat de bestjoerlike funksjes yn hannen kamen fan de boargerij. De âlde grûnbesittende adel hie net folle mear yn te bringen yn it bestjoer fan de stêd en ferliet de stedshuzen. Omdat er gjin ôfbylden bewarre bleaun binne en ek gjin fûneminten fûn binne, kin net sein wurde hoksoarte stins it Rottingahûs wie.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: