Rottum (Iemsmûning)

(Trochferwiisd fan Rottum (Eemsmûning))

Rottum (Grinslânsk: Röttem of Röppen) yn de gemeente It Hegelân (oant 2019 yn de gemeente Iemsmûn ) is in fan oarsprong radiaal wierdoarp tusken Kantens en Usquert. It leit yn de provinsje Grinslân yn it histoaryske goa Oosterambt fan it Ommelân Hunsingo. It plak dêr't yn 1995 180 minsken wennen, hat no noch mar 95 ynwenners (2010).

Huzen fan Rottum op de foar in part ôfgroeven wier
De tsjerke fan Rottum (anno 2011)
Búste fan Jan Boer yn Rottum

Rottum is de nammejouwer fan Rottumereach (dat ek wol Rottum neamd wurdt), omdat it eardere kleaster Juliana de grutste eigner fan dat eilân wie. De buorskippen Helwerd, Holwinde en Bethlehem (yn it ferline it plak fan in nonnekleaster) falle ek ûnder Rottum.

Rottum leit tichtby de provinsjale wei N998 tusken Usquert en Middelstum. It hat in busferbining (line 61) mei Grins en Uithuizen. Begjin 20e eeuw wie der al in "Omnibustsjinst Rottum-Onderdendam-Grins".

Rottum waard foar it earst neamd yn in goedlist fan it Kleaster Werden oan de ein fan de 10e iuw as Rotton.

Rottum is ûntstien út de wier dy't faaks yn de 6e iuw f.Kr. op de kwelderwâl by de Fivel lâns opsmiten is.

Berne yn Rottum

bewurkje seksje
  • Schorren, D. [red.] & E. Drenth [ill.] (1999), Mien Dörp : een wandel- (en fiets)route in en nabij het geboortedorp van de Groninger dichter en schrijver Jan Boer (1899-1983). Bedum: Profiel. 47 siden.
  • Aalders A. [red.] & J. Tilbusscher K.J. zn. (2006) Dorpshistorie, mijn liefste studie : biografie van Jacob Tilbusscher K.J. zn. 1876-1958. Bedum: Profiel. 200 siden.

Keppelings om utens

bewurkje seksje