Rungsted is in wyk yn de gemeente Hørsholm oan de kust fan de Øresund benoarden Kopenhagen yn Denemark. It sintrum fan Hørsholm leit twa kilometer bewesten Rungsted.
Rungsted hat in jachthaven mei plak foar sa'n 800 boaten en in treinstasjon, Rungsted Kyst Station.

Rungstedlund, no it Karen Blixen-museum

Ut de skiednis

bewurkje seksje
 
Rungsted skildere fan Emanuel Larsen yn 1847

De namme Rungsted waard foar it earst neamd yn 1346. It foarste part fan de namme ferwiist faaks nei de karakteristike lytse weagen fan de Øresund.[1]

Ferneamde ynwenners

bewurkje seksje

De skriuwer Johannes Ewald wenne fan maart 1773 oant hjerst 1775 yn de doetiidske herberch Rungsted, dêr't er syn meast produktive jierren belibbe en ûnder oare Rungsteds Lyksaligheder - En Ode skreau. De herberch bestie oan 1803 en it gebou waard dêrnei Rungstedlund neamd.
Doe't Karen Blixen yn 1931 út Afrika wei werom kaam yn Denemarken, sette hja har nei wenjen op Rungstedlund (dat har heit Wilhelm yn 1879 oankocht hie), en wenne dêr oant har dea yn 1962. De Deenske tycoon Simon Spies hat ek yn Rungsted wenne.

Fierder lêze

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Historieabase. Webside Rungsted Havn, 12 maart 2015
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rungsted fan Wikimedia Commons.