Sont

(Trochferwiisd fan Øresund)

De Sont (Deensk: Øresund, Sweedsk: Öresund) is ien fan de trije seestrjitten dy't it Kattegat, en dêrmei de Noardsee, ferbine mei de Eastsee. De Sont skiedet ek it Deenske eilân Sjellân fan it Sweedske Skâne. De trochgong is op syn naust 4,5 kilometer. It is ien fan de drokst befearne wetterwegen yn de wrâld.

Sont
De Sont, noch sûnder de Sontbrêge.
De Sont, noch sûnder de Sontbrêge.
geografy
type wetter seestrjitte
lokaasje tusken Seelân (Denemark)
   en Skaanje (Sweden)
lân   Denemark
Sweden
koördinaten 55°45′ N, 12°45′ E
ûnderdiel fan Noardsee / Eastsee
sifers
maks. lingte 118 km
maks. breedte 28 km
oerflak 2.200 km²
djiptegemiddelde 6 m
djipste punt 40 m
Satellytbyld fan de Sontferbining.
Satellytbyld fan de Sontferbining.

De Sont hat altyd fan grut strategysk belang west, wat ferklearret dat oan de noardein by it smelste punt twa burchten steane: oan de westkant de Kroanboarch by it Deenske Helsingør, en oan de easkant it slot fan it Sweedske Helsingborg. De keningen fan Denemark waarden ryk fan de Sonttol dy't dêr sûnt 1429 heft waard. In tol dy't alle bûtenlânske skippen betellje moasten, oars kamen se der net troch. Yn 1567 waard de tol feroare yn in belesting op de lading fan it skip, dêr't de ynkomsten mei fertrijefâldigen. Hjoed de dei wurdt der ek wer tol heft mar dan om oer de Sontbrêge ride te meien.

Op 8 novimber 1658 barde de Slach yn de Sont, in seeslach wat besuden Kopenhagen. By dy seeslach wie ek de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen belutsen dy't de omsingele Deenske kening Freark III bystân ferliend hat yn de striid tsjin Karel X dy't yn dy tiid de Sont belegere.

Sûnt 1 july 2000 is der tusken Kopenhagen en Malmö in brêge oer de Sont. In brêge mei in langste ûnûnderbrútsen oerspanning fan sa'n 490 meter. De brêge hat oan de Deenske kânt in akwadukt oergeand yn in tunnel ûnder it fleanfjild fan Kopenhagen troch. Yn totaal is de Sontbrêge 7.845 meter lang.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Oresund fan Wikimedia Commons.