Russysk-Otterdokse tsjerke (Wiesbaden)
De Russysk-Otterdokse tsjerke (offisjeel: Russisch-Orthodoxe Kirche der heiligen Elisabeth; Russysk-Otterdokse tsjerke fan de hillige Elisabeth) is in monumintaal tsjerkegebou op de Neroberch yn de Hessyske haadstêd Wiesbaden, Dútslân. De tsjerke stiet yn Wiesbaden ek bekend ûnder de namme Griechische Kapelle (Grykske kapel). Noardeastlik fan de tsjerke stiet it eardere hûs fan de behearder, dat tsjintwurdich brûkt wurdt as parochyhûs. Ek is dêr it russysk-otterdokske tsjerkhôf, dat ta de grutste otterdokske tsjerkhôven fan West-Jeropa heart. De tsjerke en de otterdokske gemeente falle ûnder it bisdom Dútslân fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke yn it Bûtenlân.
Russysk-Otterdokse tsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Hessen | |
plak | Wiesbaden | |
adres | Christian-Spielmann-Weg 1 | |
koördinaten | 50° 5' N 8° 14' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Russysk-otterdokse Tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Philipp Hoffmann | |
boujier | 1847-1855 | |
Webside | ||
Side Russysk-Otterdokse gemeente | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe otterdokske tsjerke yn Wiesbaden waard fan 1847 oant 1855 yn opdracht fan hertoch Adolf fan Nassau boud. De oanlieding wie de dea fan syn frou, de 18-jierrige Russyske prinses Elisabeth Michajlovna, grutfoarstin fan Ruslân en hertogin fan Nassau (1826–1845). Adolf troude yn 1844 mei de prinses, mar in jier letter ferstoar hja by de berte fan harren earste bern. It fertriet fan de hertog wie sa grut, dat hy foar syn frou in grêftsjerke bouwe liet. Foar de bou brûkte de hertoch mei segen fan tsaar Nikolaas I it jild dat ôfkomstich wie út har breidsskat.
De opdracht foar de bou waard jûn oan Philipp Hoffmann, dy't spesjaal foar dat doel earst nei Ruslân reizge om him dêr yn de russyske tsjerke-arsjitektuer te ferdjipjen. Op 25 maaie 1855 waard lang om let de tsjerke ta eare fan de hillige Elisabeth, de mem fan Jehannes de Doper en de nammehillige fan syn frou, ynwijd. Net folle letter waard de sark mei de ferstoarne prinses en har bern yn in prosesje út de Bonifatiuskirche helle en nei de krypte fan de Russyske tsjerke brocht en dêr byset yn in troch de byldhouwer Emil Hopfgarten makke sarkofaach. De koepelfresko's fan de tsjerke binne troch de skilder August Hopfgarten oanbrocht.
Yn 1856 folge de ynwijing fan it tsjerkhôf by de tsjerke. Tegearre mei it parochyhûs leit it likernôch 100 meter noardeastlik fan de tsjerke. De tsjerke waard ek de tsjerke fan de doe al besteande Russysk-otterdokske gemeente. Dy gemeente bestie benammen út Russyske kuergasten, dy't yn de 19e iuw graach yn Wiesbaden wêze mochten. Ek tsaar Nikolaas II die mei syn frou tidens harren besite oan Dútslân de tsjerke oan en wenne dêr in earetsjinst by. De gelegenheid waard fêstlein op in plakette dy't yn de tsjerke oanbrocht is.
Yn de jierren 1990 is de tsjerke hielendal restaurearre. Dat wie nedich om't yn de rin fan de tiid it moarmer en de fresko û.o. troch it waar oantaast wiene. In renoveaasje fan it ynterieur fan de krypte folge yn de jierren 2002-2005. Yn it ramt fan de besite fan Vladimir Pûtin oan de stêd yn oktober 2007 waarden de fiif koepels skjinmakke en op 'e nij fergulde.
Gemeente
bewurkje seksjeIn bliuwende gemeente ûntstie pas nei de jierren 1920, nei't de kommunisten de macht yn Ruslân oernaam hiene en in soad Russen flechtsje moasten en ek nei Dútslân kamen. Wiesbaden wie doe ien fan de easte plakken dêr't ymmigranten út it ateïstyske Ruslân har nei wenjen setten en in gemeente foarmen. Sûnt 1936 falt de gemeente ûnder it Russysk-Otterdokske bisdom fan Berlyn en Dútslân.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeIt grûnplan fan de krúskoepeltsjerke fan bêzje sânstien foarmet in fjouwerkant mei in noardlike apsis. Fiif fergulde koepels bekroane it gebou, wêrby't fjouwer lytsere koepels in grutte sintrale koepel omjouwe. Se hawwe de foar russyske tsjerken typyske sipelfoarm en hawwe hjir fertikale groeven. Alle koepels drage in ferguld otterdoksk krús.
De koepels rêste op tamboeren, wêrfan't de sintrale tamboer heger is en in gruttere trochsnit hat. De achthoekige haadtamboer hat smelle fertikale ramen, dy't it ynterieur fan de tsjerke ferljochtsje. De lytsere tamboeren wjerhelje dy foarm, mar hawwe mar fjouwer finsters dy't ôfwikselde wurde mei tichtmitsele finsters en net mei it ynterieur ferbûn binne. Yn de noardeastlike toer rint in slingertrep nei de tagong fan de romte ûnder de sintrale tamboer. Dêr is in doar dy't tagong jout ta it dak fan de tsjerke.
De tsjerke hat in súdlike en in westlike yngong. De súdlike yngong wie oarspronklik allinnich foar de foarsten ornearre. Nei de fal fan de lêste tsaar yn 1917 waard de doar foar altiten sletten. De westlike yngong is tsjintwurdich de haadyngong en wie eartiids de yngong foar it gewoane folk. De yngongen binne te berikken oer in trep fan reade sânstien en wurde oerspand troch in bôge dy't oan beide kanten troch in pear pylders droegen wurdt.
Boppe de yngongen binne medaillons oanbrocht fan sânstien, dy't de beskermhilligen fan de heit en mem fan grut foarstin Elisabeth Michajlovna en har eigen beskermhillige foarstelle. Boppe de westlike yngong is in medaillon fan de hillige Helena oanbrocht. Boppe de súdlike yngong is in medaillon fan de hillige Elisabeth en oan de eastlike kant boppe it raam fan de alterromte is it medaillon fan de aartsingel Michael te sjen.
Ikonostaze
bewurkje seksjeDe ikonostaze is fan de hân fan Carl Timoleon von Neff (ek: Timofej Andreevitsj Neff). De keunster makke it skilderjen fan ikoanen tagonklik foar westerske ynfloeden. Syn ikoanen hawwe in soad wei fan de styl fan de Nazareners, in groep keunsters dy't yn de 19e iuw yn Dútslân tige populêr wiene. Neff krige ek in soad opdrachten fan de Otterdokske Tsjerke yn Ruslân en levere û.o. wurk foar de Izaäk-katedraal yn Sint-Petersburch en de Kristus Ferlosserkatedraal yn Moskou. Mear wurk fan Neff is te sjen yn de Russyske tsjerken fan Bad Ems, Darmstadt, Helsinki, Edinburch, Londen en Nice.
-
Koepel
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: Russisch-Orthodoxe Kirche
|