Ruth Manning-Sanders

Ruth Manning-Sanders (Swansea (Wales), 21 augustus 1886 - Penzance, 12 oktober 1988) wie in Britsk-Welsk dichter en skriuwer dy't faaks it meast ferneamd wie fan har berneboekerige, in samling fan fannijs fertelde mearkes út de hiele wrâld wei. Sy publisearre goed 90 boeken yn har libben.

Ruth Manning-Sanders
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ruth Manning-Sanders
nasjonaliteit Britsk
berne 21 augustus 1886
berteplak Swansea
stoarn 12 oktober 1988
stjerplak Penzance
etnisiteit Welsk
wurk
sjenre Mearkes

Ruth Vernon Manning wie de jongste fan trije dochters fan John Manning, in Ingelske unitarysk dûmny. Doe't hja trjie jier wie ferfarre de húshâlding fan Swansea nei Cheshire, Ingelân. As bern al mocht hja graach lêze oer tal fan ûnderwerpen. Mei har susters skreau sy toanielstikken en splie dêr ek yn. Sy beskreau har bernetiid as "bûtengewoan gelokkich ... mei freonlike âlden dy't har bern begrypten en alle frijheid joegen."

Manning-Sanders studearre Ingelske literatuer en Shakespearstúdzjes oan Manchester University. Sy troude 1911 mei de artyst George Sanders (sy feroaren harren namme yn Manning-Sanders) en reizge mei him de earste jierren fan it houlik hiel Grut-Brittanje troch mei in sirkus yn in wenwein. Uteinlik joech de húshâlding him del yn in cottage it fiskersplakje Land's End, Cornwall. Sy krigen twa bern; ien, Joan Floyd (1913 -2002), waard yn de jierren tweintich frijwat ferneamd as artyste ûnder har famkesnamme Joan Manning-Sanders.

Nei de Twadde Wrâldkriich en de dea fan har man (troch in ûngemak yn 1952), publisearre Manning-Sanders tsientallen karlêzings fan mearkes, de measten yn de 60-er en 70-er jierren. Faak hiene dy titels dy't begûne mei "A Book of..." Sa as A Book of Wizards, A Book of Dwarfs, ensafuorthinne.

Yn it foarwurd fan guon kompilaasjes besprekt Manning-Sanders de oarsprong fan de fannijs ferhelle mearkes. De ferhalen yn A Book of Dragons komme ûnder oaren fan Grikelân, Sina, Japan, Masedoanje, Ierlân, Roemeenje en Dútslân.

In protte mearkes fan Manning-Sanders binne net wiidferneamd, mar sy hat ek ferneamde literêre en kulturele figueren as Baba Yaga, Jack, Anansi, Sniewytsje, Hâns en Grytsje, Robin Hood en Aladdin yn har blomlêzings opnaam.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources and Further Reading, op dizze side.