Sûpengrottenbrij
Sûpengroattenbrij, ek wol sûpengrottenbrij, sûpengortenbrij en algemien sûpenbrij is in brijsoarte dat makke wurdt fan sûpe en pearelgrôt (skylde garst ). De grôt wurdt 12 oeren weakke en dêrnei in oere yn wetter sean. Op it lêst wurdt der sûpe by dien. Groatenbrij wie de earste brij yn Nederlân dat troch it molkfabryk levere waard yn in molkbus mei it opskrift karnemelkse pap. Oant de yn de jierren sechtich waard it troch molkboeren út de molkbus wei ferkocht. Dêrnei wie it yn literflessen te keap en tsjintwurdich yn plestyk ferpakking.
De brij wurdt optsjinne mei gewoane sûker, brune sûker of sjerp. It kin waarm, mar ek kâld iten wurde. It waard eartiids ek wol iten mei molke of mei prommen.
Ferskaat
bewurkje seksje- Yn Fryslân is it ferske "Hup, sûpengrottenbrij!" bekend fan de polka Skotske Trije:
- Hup, sûpengrottenbrij en ik sil dy wol krije!
- Hup, sûpengrottenbrij en krije sil ik dy! ...ensfh.
- Muzykteaterduo Mick & Sugar hat der ék in komysk ferske en filmke oer makke: "En krije sil ik dy!".[1] Mick & Sugar út Ljouwert binne de alter-ego's fan spylman/spylder Guido de Roos en spylster/regisseuse Gea Struiksma út it Acta Theater beropsselskip yn Ljouwert, dat sûnt 1997 yn en bûten Fryslân spilet.
- Ek de Fryske punkband Strawelte hat sûpenbrij yn it nûmer Hagelslag en soepenbrij ferwurke, dat se dit it leafste ite.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|