SAM Waadhoeke
SAM Waadhoeke is in lokale politike partij yn gemeente De Waadhoeke, foarme troch in gearwurking tusken D66, GrienLinks, PvdA en Werkgroep Het Bildt. De partij waard ein 2016 oprjochte om oan de gemeenteriedsferkiezings fan 22 novimber 2017 meidwaan te kinnen. SAM Waadhoeke behelle 21,5 prosint fan de stimmen, goed foar seis sitten, en waard dêrmei de twadde grutste partij fan de gemeente.[1] Op 20 desimber 2017 waard yn it stedhûs fan Frjentsjer in akkoard presintearre foar in koälysje fan CDA, FNP en SAM Waadhoeke.[2]
Webstee
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|