Stedhûs fan Frjentsjer
stedhûs yn Frjentsjer
It Stedhûs fan Frjentsjer is in stedhûs oan it Riedhûsplein yn 'e Fryske stêd Frjentsjer, dat boud is yn Fryske Renêssânsestyl.
De earste stien waard lein op 24 juny 1591 en nei in bouperioade fan trije jier kaam it stedhûs yn 1594 ree. Boppe de haadyngong is it Wapen fan Fryslân ôfbylde. By de glês yn lead ramen fan de earste ferdjipping binne 27 wapenskylden pleatst.
It gebou is ek Ryksmonumint en stiet yn de Top 100 fan de Nederlânske UNESCO-monuminten. Hjirfan stean der trije yn Fryslân. De oare beide binne it planetarium fan Eise Eisinga, ek yn Frjentsjer, en it yr. D.F. Woudagemaal by De Lemmer.