Stedhuzen yn Fryslân

Stedhuzen yn Fryslân jout in oersjoch fan de stedhuzen fan de Fryske Alve stêden.

Eardere stedhuzen bewurkje seksje

Troch de gemeentlike weryndieling fan 1984 binne inkele stedhuzen net mear yn gebrûk as stedhûs. De stêden Hylpen, Starum en Warkum meitsje sûnt 1984 diel út fan de gemeente Nijefurd. It stedhûd fan Warkum waard gemeentehûs. De twa oare stedhuzen krigen in oare bestimming. Stêd en gemeente Sleat gie yn 1984 op yn de gemeente Gaasterlân-Sleat, wêrfan it gemeentehûs yn Balk stiet. It stedhûs fan Sleat is no in museum. It stedhûs fan Dokkum waard gemeentehûs fan Dongeradiel.

Waachfunksje bewurkje seksje

In de stedhuzen fan Boalsert en Hylpen siet ek in waach.

Monumint bewurkje seksje

It stedhûs fan Frjentsjer stiet yn de Top 100 fan de Nederlânske UNESCO-monuminten.

Stedhuzen bewurkje seksje

Stêd Stedhûs Jier Ofbyld
Boalsert Stedhûs fan Boalsert 1617  
Dokkum Stedhûs fan Dokkum 1610  
Drylts Stedhûs fan Drylts 1859  
Frjentsjer Stedhûs fan Frjentsjer 1591  
Harns Stedhûs fan Harns 1730  
Hylpen Stedhûs fan Hylpen 1683  
Ljouwert Stedhûs fan Ljouwert 1720  
Sleat Stedhûs fan Sleat 1761  
Snits Stedhûs fan Snits 1550  
Starum Stedhûs fan Starum 1880  
Warkum Stedhûs fan Warkum 15e iuw
1727
 
Stedhuzen yn Fryslân  
BoalsertDokkumDryltsFrjentsjerHarnsHylpenLjouwertSleatSnitsStarumWarkum