Alde stedhûs (Drylts)

Drylts wie oant 1984 in selsstannige gemeente mei in eigen stedhûs. It waard boud yn 1859 neffens it ûntwerp fan Albert Breunissen Troost. It markante gebou mei de status fan ryksmonumint stekt boppe de oare bebouwing út.

Alde stedhûs (Drylts)
bouwurk
It âlde stedhûs fan Drylts
It âlde stedhûs fan Drylts
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
Súdwest-Fryslân
plak Drylts
adres Galamagrêft 49
koördinaten 53° 0' 31" N 5° 37' 28"E
bysûnderheden
type bouwurk stêdhûs
boujier 1859 (ferfong in âlderen ien fan de 14e iuw)
arsjitekt Albert Breunissen Troost
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 515183 [1]
kaart
Alde stedhûs (Drylts)
Alde stedhûs

It stiet op it stee fan it âlde, gruttere riedhûs, út de 14e iuw. It gebou hat in dak fan laaistien. It is lykwols gjin registrearre monumint. It komt dêr net foar yn de beneaming omdat it net âld genôch is, mar hat wol de status fan byldbepalend gebou, in status in graadsje leger as dy fan monumint. Fierders hat it sintrum fan Drylts in beskerme stedsgesicht.

Yn 1984 waarden de gemeenten Drylts en Wymbritseradiel gearfoege, dêrtroch waarden alle gemeentlike tsjinsten nei Drylts ferpleatst. In âlde skoalle kaam yn gebrûk as kantoar foar sosjale saken en de rest kaam yn it stedhûs, dat oan de efterkant útwreide wie. Mei as gefolch, romtegebrek. It nije gemeentehûs wie yn dy tiid yn oanbou en koe yn 1985 brûkt wurde.

Nei dy ferhuzing hat de ryksplysje noch oant 1994 it gebou brûkt. Yn dat jier ferdwûn dy út Drylts wei, dêrnei is it gebou oant 1999 noch brûkt troch de resjerzje. Dêrnei waard it as wente ferkocht oan partikulieren.

  • By feestdagen hinget de flagge fan Drylts oan de gevel fan it âlde stedhûs.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Stedhûs fan Drylts fan Wikimedia Commons.
Stedhuzen yn Fryslân  
BoalsertDokkumDryltsFrjentsjerHarnsHylpenLjouwertSleatSnitsStarumWarkum
  ·   ·