Science Fiction Chronicle Award

(Trochferwiisd fan SF Chronicle Award)

De Science Fiction Chronicle Awards of SF Chronicle Awards wiene in groep prizen dy't ienris yn it jier útrikt waarden foar de bêste science fiction-wurken fan it foargeande jier. De útrikking waard dien troch it Amerikaanske science fiction- en fantasytydskrift Science Fiction Chronicle, dat oprjochte wie troch Andrew I. Porter.

Science Fiction Chronicle Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar science fiction-literatuer
útrikt troch Science Fiction Chronicle
frekwinsje 1x jiers
1e útrikking 1982
opheft 1998
offisjele webside
gjint

De winners waarden útornearre op grûn fan in opinypeiling ûnder de lêzers fan it moanneblêd, dat de SF Chronicle Awards wiene dus eins publyksprizen. Se waarden foar it earst útrikt yn 1982 en foar it lêst yn 1998, yn tolve ûnderskate kategoryen, wêrûnder bêste roman, bêste novelle, bêste koarte novelle, bêste koarte ferhaal, bêste omslachartyst en bêste dramatyske presintaasje. Under de winners fan 'e SF Chronicle Awards wiene skriuwers as Kim Stanley Robinson, Orson Scott Card, George R.R. Martin, C.J. Cherryh en Lois McMaster Bujold.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: