SHAFTA
De SHAFTA's of Soft and Hard Adult Film and Television Awards (net te betiizjen mei de sjoernalistike Shafta Awards) binne in groep Britske prizen dy't op jierlikse basis útrikt wurde foar populariteit fan pornofilms yn it Feriene Keninkryk. De namme fan dizze prizen, dy't letterlik "Sêfte en Hurde Film- en Tillefyzjeprizen foar Folwoeksenen" betsjut, is in backronym (in akronym wêrby't men mei de ôfkoarting begûn is en doe betocht hat wêr't de letters foar stean koene). De ôfkoarting SHAFTA ferwiist nei de BAFTA, de wichtichtste Britske mainstream-filmpriis, en nei shaft ("skacht"), in Ingelsk wurd foar "penis".
SHAFTA Soft and Hard Adult Film and Television Awards | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
útrikt foar | populariteit fan pornofilms yn Grut-Brittanje | |
útrikt troch | Television X | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | meastal mids maart | |
plak | Londen (Ingelân) | |
ynsteld | 2010 | |
1e útrikking | 2010 | |
offisjele webside | ||
www.shafta.xxx |
De SHAFTA's waarden yn 2010 ynsteld en wurde sûnt elts jier, meastal mids maart (mar yn 2013 op 5 desimber) útrikt troch de Britske pornografyske tillefyzjestjoerder Television X. De winners wurde útornearre troch in stimming ûnder de abonnees fan Television X. Nominearre pornostjerren hawwe yn it ferline de sosjale media brûkt om 'e lju oan te fiterjen en stim op harren. De útrikkingsseremoanje fan 'e SHAFTA's wurdt yn 'e regel holden yn in Londenske stripklub. Yn 2012 ûntstie der om dizze prizen hinne in lyts skandaaltsje doe't in groep abonnees protestearre tsjin it feit dat de transseksuële pornoaktrise Holly Harlow nominearre waard yn 'e kategory bêste nije froulike stjer. Television X ferdigene dy beslissing lykwols troch te sizzen: "[D]e term froulike stjer past folslein by har; se is froulik, seksy en in geweldige aktrise."
Kategoryen
bewurkje seksje(de prizen wurde net elts jier yn alle kategoryen útrikt)
- froulike artyst fan it jier
- manlike artyst fan it jier
- bêste nije froulike stjer
- milf fan it jier
- bûtenlânske artyste fan it jier
- bêste regisseur
- bêste studio
- bêste personaazje
- bêste sekssêne
- bêste anale sekssêne
- skandalichste sêne
- bêste searje
- bêste lesbyske searje
- bêste ynterrasiale searje
- bêste reality/gonzosearje
- bêste parodysearje
- bêste online-searje
- skandalichste searje
- bêste amateursearje
- bêste nije searje
- The Palm Phwoar (oevrepriis)
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |