Chick (tydskrift)
Chick wie in Nederlânsk pornoblêd, dat fan 1968 oant 2008 bestie. De titel komt fan it Ingelske wurd chick, dat letterlik "pykje" betsjut, mar ek in wat denigrearjende oantsjutting is foar in jonge frou. Fan it begjin ôf oan waarden yn dit tydskrift, yn tsjinstelling ta bygelyks de Playboy, de neakenmodellen mei dúdlik sichtbere geslachtsdielen toand, wat yn dy tiid troch in soad minsken as konfrontearjend beskôge waard. Meitiid waard boppedat almar mear pornografysk fotomateriaal tafoege. Saneamde 'ferdjipjende' artikels ûntbrieken yn Chick, mar wol wied er romte foar kontaktadvertinsjes fan seksuële aard, dy't nei't it skynt yn 'e begjinjierren temûk troch de redaksje sels skreaun waarden by wize fan folling.
Chick | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
taal | Nederlânsk | |
sjenre | pornoblêd | |
frekwinsje | 1x yn 'e moanne | |
bestean | 1968 – 2008 | |
oprjochter | Joop Wilhelmus en Jan Wenderhold | |
plak haadred. | Wormerfear (Noard-Hollân) | |
útjouwer | Sansyl B.V. | |
offisjele webside | ||
gjint (bestiet net mear) |
Skiednis
bewurkje seksjeChick waard yn 1968 oprjochte troch Joop Wilhelmus en Jan Wenderhold. Wilhelmus die de einredaksje, wylst Wenderhold oer de ferkeap gie. It tydskrift wie it earste pornoblêd fan Nederlân, dat yn it begjin ûnder de toanbank ferkocht waard. Yn 1970 wie it oanlieding ta in rjochtsaak dy't bekendstiet as it Chick-arrest (HR 17 novimber 1970, NJ 1971 373), en dy't Chick úteinlik wûn. Dêrmei waard pornografy yn Nederlân feitliks legaal en wie de wei klearre foar konkurrinsje mei oare pornoblêden, lykas de Candy, dy't ek yn 1968 úteinsette, yn 't earstoan as neakenblêd, mar dy't nei de útspraak yn it Chick-arrest in mear pornografyske ynhâld krige.
Nei't se deilis rekke wiene, giene Wilhelmus en Wenderhold útinoar en brochten se elk in eigen Chick út: Wilhelmus yn Doardt (de Doardter Chick) en Wenderhold yn Wormerfear (de Amsterdamske Chick). Dy beide blêden bestiene jierrenlang njonkeninoar, oant Wenderhold úteinlik de Doardter ferzje opkocht. Letter groeide Chick út ta it erotykconcern Sansyl B.V., dat bestie út twa ynternetbedriuwen, in postoarderbedriuw, in fotostudio en twa útjouwerijen. Yn 1998 waard Wenderhold syn dochter Sandy Wenderhold direkteur fan Sansyl B.V. en dêrmei ek haadredaktrise fan Chick. Yn 2008 waard Chick opheft en bleau inkeld de dermei ferbûne webside noch oer, dy't letter lykwols ek ter ziele gien is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|