Santa Muerte

folkshillige

Nuestra Señora de la Santa Muerte (Us-Leaffrou fan de Hillige Dea), yn it populêre taalgebrûk ek Santa Muerte ("Hillige Dea") of La Santísima Muerte (de alderhillichste dea) of Doña Sebastiana, is in folkshillige, dy't fral yn Meksiko en stêden yn de Feriene Steaten mei in grut tal ynwenners fan Latynsk-Amerikaanske komôf fereare en oanroppen wurdt. De lêste tiid makket de ferearing fan Santa Muerte in oplibbing mei. De hjeldei dy't mei dizze folkshillige ferbûn is, is de Dei fan de Deaden (Día de Muertos), dy't yn 'e nacht fan 1 op 2 novimber falt.

Byld fan Santa Muerte út de konrijen fan Nuevo Laredo, Meksiko

Skiednis fan de kultus

bewurkje seksje

Wêr't de kultus fan Santa Muerte weikomt is net bekend. Mooglik ûnstie de ferearing fan Santa Muerta yn Veracruz nei de Spaanske oermastering, mar de kultus soe ek woartelje kinne yn de tradysjes fan de Azteken. Yn dat gefal soe dy weromgean op de goadinne fan de dea, Mictecacihuatl, en in foarbyld wêze fan in mingeling fan heidendom mei kristendom. Om't Santa Muerta as in bonkerak mei in seine foarsteld wurdt, soe it ek hiel goed kinne dat de Europeeske Meagere Hein (de Seineman) ynfloed útoefene hat op har uterlik. Meagere Hein is lykwols in manlik figuer, wylst Santa Muerte froulik is.[1]

Hâlding Fatikaan

bewurkje seksje

Alhoewol't de oanhingers yn 'e regel katolyk binne, moat Santa Muerte perfoarst net as in katolike hillige beskôge wurde. De Hillige Stoel warskôget oanhingers sels en neamt de ferearing fan Santa Muerte godslasterlik en in degeneraasje fan religy.[2][3]

 
Oanbidders by it hillichdom yn Meksiko-Stêd

Santa Muerte kin neffens har oanhingers foar in gaueftige en dea sûnder tefolle pine soargje en foar in feilich ynloadsjen yn de himel. Der wurdt ferwachte trou te bliuwen oan Santa Muerte, ôffallichheid wurdt net op priis steld en kin liede ta ûnheil. Santa Muerte wurdt fierder foar fan alles en noch wat oanroppen en har oanhingers binne te finen ûnder alle lagen fan de befolking, mar tradisjoneel fral yn it kriminele- en drugsmiljeu. Doe't yn 2009 it Meksikaanske leger sjen litte woe de drugshannel oan te kinnen, waarden meardere alters oan de kant fan de wei yn Tijuana, Nuevo Laredo en Reynosa ferneatige. David Romo, dy't himsels ta biskop fan de beweging beneamd hat, waard yn 2011 arrestearre fanwegen dielnimming oan in ûntfieringsbinde en it wytwaskjen fan it losjild oer syn eigen bankrekken.

Oant yn de 20e iuw wie it ferearjen fan Santa Muerte net tastien en moast dat fral thús dien wurde. Sûnt it begjin fan de 21e iuw makket in publike ferearing jimmeroan mear opgong. In grutte oantrún dêrta joech Enriqueta Romero (of Doña Queta), dy't mei it delsetten fan in stânbyld bûten har hûs yn 2001 nei oanrin fan de Dei fan de Deaden foar Santa Muerte in earste hillichdom yn it iepenbier yn Meksiko-Stêd stifte. Enriqueta Romero wennet yn Tepito, in buert dy't bekend stiet om it geweld en de misdied. Op in alle moannen organisearre roazekrânsgearkomste by it hillichdom bringe oanhingers offers lykas sigaretten en marihûana. De soan fan Doña Queta waard yn 2008 fermoarde en har man yn 2016. [4]

It tal minsken dat Santa Muerte ferearet nimt ta en no't de ferearing iepenlik plakfynt wurde der ek jimmeroan mear timpeltsjes foar Santa Muerte by de wei delsetten, dêr't kearsen oanstutsen wurde en offers brocht wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: