Santuario della Madonna del Divino Amore
De Santuario della Madonna del Divino Amore is in oan 'e Hillige Jongfaam wijde roomske beafeartstsjerke yn 'e Italjaanske haadstêd Rome. It gebou bestiet út twa tsjerken: in âlde tsjerke op 'e heuvel út 1745 en in nije tsjerke oan 'e foet fan 'e heuvel út 1999. Yn it jubeljier 2000 foege paus Jehannes Paulus II de tsjerke ta oan 'e list fan 'e Sân Pylgertsjerken fan Rome en ferfong dêrmei de San Sebastiano fuori le mura.
Hillichdom fan 'e Madonna fan 'e Godlike Leafde Santuario della Madonna del Divino Amore | ||
Lokaasje | ||
lân | Itaalje | |
regio | Lazio | |
plak | Rome | |
adres | Via del Santuario, 00134 Castel di Leva RM | |
koördinaten | 49° 46'N 12° 32'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1745; 1999 | |
Webside | ||
Side hillichdom | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1295 wie de grûn dêr't de tsjerke op stiet fan 'e famylje Savelli-Orsini, dy't dêr in kastiel boude en it mei in wâl en seis oant acht tuorren fersterke. It eigendom wiksele yn 'e rin fan 'e tiid ferskate kearen en yn it begjin fan 'e 18e iuw stelde it lângoed neat mear foar en wie it in ruïne. Yn ien fan 'e tuorren wie in midsiuwsk fresko fan in Madonna mei Bern mei boppe de foarstelling in do as symboal fan de Hillige Geast. Unbekend is wa't it fresko oanbrocht hie, mar yn dy tiid besochten hoeders út de omkriten regelmjittich de toer om dêr de roazekrâns te bidden.
Doe't yn 'e maaitiid fan 1740 in pylger ûnderweis nei de Sint-Piter it paad bjuster rekke yn de doe noch ûnherberchsume kontrijen, socht er help by minsken, dy't by de ruïnes fan it kastiel wennen om it goede paad werom te finen. De man waard lykwols troch in ridel wylde hûnen oanfallen. De oerlevering wol ha dat de pylger de Hillige Jongfaam oanrôp en dat hja de hûnen delbêde. It ferhaal rekke al gau rûnom bekend en it fresko ferhûze nei it tichteby lizzende lângoed "La Falconiana", dêr't in lytse tsjerke stie mei de namme Santa Maria ad Magos. Op Peaskemoandei 19 april 1745 waard it fresko werom brocht nei de âlde lokaasje, dêr't yntusken in nije tsjerke njonken de âlde toer boud wie. Op 31 maaie 1750 wijde kardinaal Carlo Rezzonico (letter paus Klemens XIII) it alter fan 'e nijbou oan Us-Leaffrouwe fan 'e Godlike Leafde.
De tsjerke waard in beafeartsplak en mei it tanimmen fan it tal besikers út de omkriten waard de soarch foar de tsjerke oerdroegen oan in hearremyt. Nei't der in ein oan 'e Pauslike Steat kaam en eigendommen fan 'e tsjerke yn beslach nommen waarden, briek der foar it hillichdom in tiid fan ferfal oan, ek al gyng de devoasje fan Us-Leaffrouwe fan 'e Godlike Leafde gewoan troch. Yn desimber 1932 waard de beafearttsjerke ek in parochytsjerke.
Nei bombardeminten yn 'e Twadde Wrâldkriich yn 1943 ferhûze it fresko nei Rome. It kaam telâne yn 'e San Lorenzo in Lucina, mar doe't paus Pius XII mei it naderjen fan 'e alliearde striidkrêften de Romeinen oprôp om yn it Pinksteroktaaf by it fresko te bidden foar it sparjen fan 'e stêd, wie de oanrin sa grut, dat it fresko ferhûzje moast nei de gruttere Sant'Ignazio di Loyola. Op 'e jûn fan 4 juny, de dei wêrop't it oktaaf einige, ferlieten de Dútsers de stêd en koe Rome sûnder slach troch de Alliearden ynnommen wurde. Under grutte belangstelling late paus Pius XII in misse fan tanksizzing yn de Sant'Ignazio en ferliende it fresko de titel "Salvatrice dell'Urbe" ("Hja dy't de stêd rêde").[1]
Om it jimmeroan gruttere tal pylgers te ferwurkjen duorre it noch oant 8 jannewaris 1996, doe't kardinaal-fikaris Camillo Ruini de earste stien foar in nij hillichdom lei. It doel wie om de tsjerke te foltôgjen foar it jubeljier 2000. It waard boud oan 'e foet fan 'e heuvel bûten de âlde muorren fan it kompleks sûnder it lânskip en de monumintale 18e-iuwske bebouwing te skeinen. Yn 'e troch de Fransiskaan pater Costantino Ruggeri (1925-2007) ûntwurpen tsjerke passe 1500 pylgers. Paus Jehannes Paulus II, dy't de tsjerke op 4 july 1999 ynwijde, foege de skryn yn it ramt fan it jubeljier ta oan de Sân Pylgertsjerken fan Rome.
Ynterieur
bewurkje seksjeIt mirakuleuze fresko is te sjen boppe it alter. De mozaïken yn 'e apsis binne modern en toane Kristus yn it sintrum en it mirakel oan 'e lofter kant.
Yn 'e krypt is de tombe fan 'e silligen Luigi Beltrame Quattrocch en Maria Corsini Beltrame Quattrocchi. It echtpear stifte ferskate katolike organisaasjes, sette har yn foar earme bern en joegen yn 'e Twadde Wrâldkriich joaden en oare flechtlings in skûlplak yn harren hûs. Hy ferstoar yn 1951 en hja yn 1965. Nei harren dea waard it proses fan sillichferklearring útein set. Op 21 oktober ferklearre paus Jehannes Paulus II it echtpear sillich, de earste kear dat in echtpear sillich ferklearre waard. Harren reliken binne op 28 oktober 2001 nei de tsjerke brocht. It feest fan de silligen falt op 25 novimber, harren troudei.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Madonna del Divino Amore (Rome)
|