Sarajevo
Sarajevo (ferâldere Serajewo, Serajevo, Sarajewo) is de haadstêd en grutste stêd fan Bosnje en Herzegovina. De stêd leit foar in part yn de Federaasje fan Bosnje en Herzegovina (kanton Sarajevo) en foar in oar part yn de Servyske Republyk.
Sarajevo | ||
Bestjoer | ||
Lân | Bosnje en Herzegovina | |
Boargemaster | Ivo Komšić | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 369.534 (2013) | |
Oerflak | 141,5 km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 43° 52' N, 18° 25' E | |
Offisjele webside | ||
www.sarajevo.ba |
De stêd waard yn 1461 stifte troch de Ottomanen. Yn 1914 spile de stêd in grutte rol yn de wrâldskiednis, troch de moard op aartshartoch Frans Ferdinand dy't hjir begongen waard en dy't de Earste Wrâldoarloch ynliede. Santich jier letter wie de oandacht fan de wrâld wer rjochte op Sarajevo: yn 1984 waarden de Olympyske Winterspullen hjir hâlden. Tusken 1992 en 1995, yn de Bosnyske Oarloch, waard Sarajevo swier bombardearre troch Bosnysk-Servyske troepen.
De stêd waard yn it ferline ek wol it Europese Jeruzalim neamd, troch de ideale kombinaasje fan east en west en it freedsum neist elkoar libjen fan Joaden, kristenen en moslims.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- Gazi-Husrev-Beg-moskee, boud tusken 1530 en 1531, dit is ien fan de wichtichste Ottomaanske monuminten fan de Balkan
- Keizermoskee, oarspronklik út 1462, werboud yn 1566
- de Alde ortodokse tsjerke út de 16e iuw
- Hillich Hert-katedraal (Sarajevo), Roomsk-Katolike katedraal, boud tusken 1884 en 1889
- Ortodokse Katedraal, boud yn 1882
- Universiteitsgebou, út de 19e iuw
- Despića kuća (Despića-hûs, tradisjoneel Hûs fan in Servyske middenstânsfamylje, tsjintwurdich is it in museum)
- Latynskebrêge, (Eartiids de Prinsypbrêge neamd) út 1798
- Svrzo-Hûs, 18e-iuwsk hûs fan de Islamityske famylje Svrzo, tsjintwurdich in museum.
- Sebilj, Turkske wetterboarne fan orizjine út 1753, hjoeddeisk gebou is 19e iuw op it Doweplein
- Brusa bezistan, merkhal út 1531, no museum fan de stêd Sarajevo
- Bosniakken ynstitút
- Gazi-Husrev-beg-Madressa, Islamityske skoalle en bibleteek út 1530
- Kening Fahd Moskee, grutste moskee fan Europa út 2000.
- Parlemintsgebou
- Osmaanske wyk
Geografy
bewurkje seksjeSarajevo leit flak by de geometryske midden fan Bosnje en Herzegovina. It grutste part fan de stêd is boud yn de Sarajevo-delte: in lytse delte fan 500 meter boppe seenivo, mids bergen. De stêd hat net folle hichteferskillen, mar sommige gebieten yn it Easten binne frijwat heuveleftich.
De rivier de Miljacka trochkrúst de stêd fan east nei west. De boarne fan de rivier de Bosna leit flak by Ilidža, in stedsje yn de omjouwing fan Sarajevo.
Sarajevo leit mids fiif bergen dy't diel útmeitsje fan de Dinaryske Alpen: in berchtme dat troch Kroaasje, Bosnje en Herzegovina en Montenegro rint. Dizze bergen binne yn alfabetyske folchoarder:
- Bjelašnica: 2067 meter
- Igman: 1502 meter
- Jahorina: 1913 meter
- Trebević: 1627 meter
- Treskavica: 2088 meter
Bestjoer
bewurkje seksjeSarajevo is yn polityk opsicht de wichtichste stêd fan Bosnje en Herzegovina. It is de haadstêd fan it lân, en fan de Bosniak-Kroatyske Federaasje (ien fan de twa sub-entiteiten fan it lân). Fierders wurdt ek it kanton Sarajevo bestjoerd út de stêd Sarajevo wei. De stêd Sarajevo is de iennige stêd yn it lân dy't út ferskillende dielgemeenten bestiet. Al is Sarajevo dan de haadstêd fan it lân, soks hat net altiten sa west. Travnik hat koarte tiid haadstêd west fan Bosnje, mar waard net lang dêrnei wer ûnder Sarajevo setten, wêrtroch 't de stêd wer syn status as haadstêd werom krige.