Sarmaten

(Trochferwiisd fan Sarmaasje)

De Sarmaten wie in Iraansktalich nomadefolk, dat tusken sa'n 300 f.Kr. en 270 nei Kr. de steppen benoarden de Swarte See behearske.

Grykske kaart (om 1770)
Fersleine Sarmaten op in Romeinske sarkofaach, twadde helte 2e iuw f.Kr.

Oarspronklik wennen sy mear nei it easten ta, mar likernôch 300 f.Kr. ferdreaunen of oermasteren sy de Skyten en fêstigen hja yn harren gebiet. Op de Krim hannelen de Sarmaten mei de Griken en Romeinen.

Inkele Sarmatyske stammen, lykas de Jazygen, lutsen oan de begjin fan de jiertelling noch fierder nei it westen ta, nei de Hongaarske leechflakte. Dy stammen hawwe destiids yn de Markomannenoarloch fan 165 - 180 mei Markomannen en Kwaden tsjin de Romeinske legioenen fan keizer Marcus Aurelius fjochten.

De Sarmaten yn de steppen tusken de Dnjestr en Don hawwe faaks lange tiid hearske oer de benoarden harren wenjende foarfaren fan de Slaven, itjinge de protte Iraanske lienwurden yn de Slavyske talen ferklearje soe.

Om-ende-by 270 waarden de Sarmaten sels ferslein troch de Goaten dy't fanút it lettere Pommerellen, West-Prusen en Danzig nei it suden lutsen. De Sarmaten waarden doe in soartemint fan fazallen fan de Ostrogoaten. Doe't de Hunnen yn 376 it Ostrogoatyske ryk ferneatigen, waarden de Sarmaten fazallen fan de Hunnen. In grutte kloft Sarmaten, de Alanen neamd, binne doe nei it westen lutsen en berikten úteinlik it noardwesten fan Spanje dêr't sy ûnderhearrich oan de Fisigoaten waarden. Oare Sarmatyske kloften binne nei alle gedachten letter opgean yn Turkstalige steppefolken.