Saskia de Brauw
Saskia de Brauw (19 april 1981) is in Nederlânsk model en keunstner.
Wurkpaad
bewurkje seksjeDe Brauw debutearre al op jonge jierren yn de moadewrâld. Doe't hja 16 jier wie hâlde sy op mei it modellewurk om har ta te lizzen op in stúdzje oan de keunstakademy yn har wenplak Amsterdam. Doe't De Brauw 29 jier wie sette sy fannijs útein mei modellewurk en waard rillegau 'it famke fan it stuit'; yn ien en deselde moanne ferskynde hja op it omslach fan twa Vogue's. Sy waard fotografearre troch Mert en Marcus foar de úteinlike ferzje fan Carine Roitfeld har omslach fan de Vogue Paris – maart 2011, en deselde moanne stie hja ek al op it omslach fan Vogue Italia, in foto fan Steven Meisel. De Brauw wie neist Mariacarla Boscono en Daphne Groeneveld teffens te sjen yn de maitiid/simmer 2011 kampanje fan Givenchy.
Saskia de Brauw wurdt fertsjintwurdige troch Paparrazi Model Management yn Amsterdam, VIVA yn Parys, VIVA London, DNA Model Management yn New York en Why Not Model Agency yn Milaan.
De Brauw ûndersiket yn har keunst, poëzy, proaza, fotografy en ynstallaasjes, de relaasje tusken it lichem en de wrâld dêr om hinne.
Fysike feiten
bewurkje seksje- lingte: 177 sm
- lichemsmjitten: 86.5 - 63.5 - 89 sm
- eagen: kastanjebrún
- hier: kastanjebrún
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |