Satellyt

(Trochferwiisd fan Satelliten)

Yn de astronomy is in satellyt in objekt dat ûnder ynfloed fan de swiertekrêft yn in baan om in oar objekt hinne beweecht. Der wurdt ek wol sein dat de satellyt him binnen de swiertekrêft horizon fan it oare objekt befynt.

NAVSTAR – Global Positioning System-satellyt fan de twadde generaasje

In satellyt dy't him yn in baan om in himellichem befynt lykas in planeet wurdt ek wol moanne neamd. Natuerlike moannen binne meastal objekten mei de struktuer fan in lytse planeet of planetoïde dy't ynfong binne troch de swiertekrêft fan de planeet. Satelliten of 'keunstmoannen' binne ûnbemanne tastellen dy't troch de minsk yn in baan om de ierde brocht binne.

Objekten dy't om in stjer hinne draaie krekt as ús sinne, wurdt meastal gjin satellyt mar planeet, dwerchplaneet, planetoïde of komeet neamd, allinne by dûbelstjerren wurde de stjerren yn banen om de haadstjer wol satellyt neamd.

Op grutter skaal wurde lytsere molkenpaadstelsels (lykas bygelyks Messier 32 en Messier 110) en bolfoarmige stjerreheapen dy't rûndraaie om grutte molkweistelsels ek satelliten of satellytstelsels neamd.