Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

Savantsyndroom is in seldsume oandwaning, wêrby't immen dy't oer it algemien nommen oanhelle is mei slimme geastlike beheinings, op ien beskaat mêd fermogens hat dy't fier boppe it gemiddelde lizze. Immen dy't savantsyndroom hat, wurdt in savant neamd. Histoarysk waard sa'n persoan oantsjut as in idiot savant, wat de oarsprong fan 'e namme "savant" is. "Idiot savant" is Frânsk foar "gelearde gek". De bysûndere fermogens dy't minsken mei savantsyndroom oan 'en dei lizze, hawwe ornaris te krijen mei it ûnthâld. Foarbylden fan sokke fermogens binne hyperkalkulia (ekstreem fluch hollerekkenjen), kartografy, keunstsinnigens of muzikaliteit. It komt frijwol net foar dat ien savant oer mear as ien fan sokke fermogens beskikt. Savantsyndroom waard yn 'e Westerske wrâld popularisearre (hoewol net ien kear neamd) yn 'e Amerikaanske film Rain Man, út 1988, wêryn't akteur Dustin Hoffman in man mei dizze oandwaning spile.

Lju dy't oanhelle binne mei savantsyndroom hawwe ornaris in ûnderlizzende neuro-ûntwikkelingssteuring of oars hawwe se harsensskea oprûn. Yn likernôch de helte fan 'e gefallen is de ûnderlizzende oandwaning ien út it autismespektrum. Sokke lju wurde wol autistyske savants neamd. Hoewol't savantsyndroom him yn 'e regel al yn 'e bernetiid oppenearret, kin it him ek pas nei it berikken fan folwoeksenens ûntjaan. Savantsyndroom wurdt net mear as (selsstannige) geastlike oandwaning erkend yn it DSM-5, de fyfde ferzje fan it Diagnostic and Statistical Manual of Mental Disorders, dy't yn 2013 útkaam.

De earste medyske beskriuwing fan savantsyndroom waard optekene yn 1783. De term idiot savant waard yn 1887 betocht troch John Langdon Down, dy't better bekend waard troch syn beskriuwing fan it nei him ferneamde Downsyndroom. Der wurdt rûsd dat likernôch 1 persoan yn in miljoen mei savantsyndroom oanhelle is, wat delkomt op 0,0001% fan 'e wrâldbefolking. De oandwaning treft mear manlju as froulju, mei in ferhâlding fan 6:1. Under deselden dy't mei autisme oanhelle binne, hawwe 1 op 'e 10 oant 1 op 'e 200 in beskate mjitte fan savantsyndroom. Fan 'e wûnderbaarlike savants, mei fermogens dy't sa bûtengewoan binne dat se sels yn in persoan sûnder geastlike beheining as spektakulêr beskôge wurde soene, libje lykwols nei skatting minder as hûndert yn 'e hiele wrâld.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.