It Schonenburghûs ek: Hûs Schonenberg of Het Hooge-huijs stie yn Kollum, gemeente Kollumerlân, skean foar de Meckemastrjitte oer. Der wie ek in Schonenburgstate dy't benoardeasten it doarp stie.

Sa mids 16e iuw waard it hûs bewenne troch Sebastiaan fan Schonenburg, fan 1536 - 1558 (substitút) grytman fan Kollumerlân. Nei alle gedachten waard it hûs troch him sette litten. Yn 1558 is der sprake fan “’t Huijs van Joncker Sebastiaen” dêr't dit hûs mei bedoeld wêze kin ofwol Schonenburgstate benoardeasten Kollum, dat grif ek fan dizze famylje west hawwe sil. Guon histoarisy tinke dat de famylje Schonenburg fan Dútske komôf is, mar mr. Andreae tinkt dat Sebastiaan “geboortig was uit het Sticht van Utrecht”. Hy wie yn 1525 drost yn Frjentsjer en letter “Capiteyn van Dockum”. Yn 1525 wurdt er al neamd as troud mei Ath fan Herema mei wa't er yn elts gefal twa bern hie: Marten en Lucia. Lucia boaske mei Joost fan Hardenbroek, dy't yn 1556 grytman waard fan “Colmerlandt en Colmerstadt” en syn skoanheit oanstelde as syn substitút. It kin best wêze dat Lucia en Joost by har âlden wennen op Schonenburg òf op Schonenburgstate. Hardenbroek bleau nei de dea fan syn twadde frou yn 1552 yn Kollum wenjen, nei alle gedachten by syn skoanâlden. Hy stoar yn 1557. “Joncker Sebastiaen” libbe noch yn 1558, syn frou Ath ferstoar yn 1572.

Soan Marten fan Schonenburg en syn frou Eelck fan Heemstra bewennen dêrnei it hûs. Hy komt alteast yn 1579 foar as ynwenner fan Kollum. Trije jier letter waard hy grytman fan Dantumadiel. Marten en Eelck hienen twa dochters, Atke en Lucia. Atke troude mei Carel fan Esserden út Gelderlân en Lucia mei Aemilius Uten Engh dy't yn Utert wenne. Se ferkochten it “Schonenburgh-huijs staende binnen Collum” oan de abbekaat Lieuwe fan Juckema. Dy ferhierde in part fan it hûs oan de gritenij om der “de rechtcamer te holden”. Dat duorre oant 1610 doe't it gemeentehûs oankocht waard dat yn 1883 noch dy funksje hie. Frouck fan Juckema, de dochter fan Lieuwe, wie troud mei Pieter fan Walta. Se ferkochten it hûs yn 1620 yn twa gedieltes. Letter komt it foar as besteande út “twee aparte woningen sampt hovinge”.

Bewenners
  • 1536 - 1558 Sebastiaan fan Schonenburg
  • 1558 – 1572 Ath fan Herema
  • 1572 - ? Marten van Schonenburg
  • ± 1600 Lieuwe fan Juckema
  • oant 1620 Frouck fan Juckema en Pieter fan Walta

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: