Schoterveense Molen
De Schoterveense Molen (Skoatterfeanster Mûne) is in wipmûne oan 'e râne fan Haarlim tichteby de grins fan 'e gemeente Bloemendaal.
Skoatterfeanster Mûne | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
plak | Haarlim | |
adres | Schoterveenpolder 1 | |
koördinaten | 52°23' N 4°37' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | wipmûne | |
funksje | poldermûne | |
flecht | 20,30 m | |
boujier | 17e iuw | |
oare ynformaasje | ||
eigner | gemeente Haarlim | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 19275 | |
Webside | ||
www.smzk.nl | ||
Kaart | ||
De mûne bemeallet de Skoatterfeanpolder en is dêr nei ferneamd. Nei alle gedachten waard de mûne yn 'e earste helte fan 'e 17e iuw boud. Foar dy tiid hie it gebiet in natuerlike ôfwettering oer it Spaarne. Oarspronklik bemealle de mûne in 205 ha grutte polder, mar yn 'e jierren 1920 wreide de stêd Haarlim út en waard de eartiidske gemeente Skoaten by Haarlim yndield.
Hjoed-de-dei is de mûne oan trije kanten ynboud. De polder is der foar it grutste part net mear, sadat de mûne eins gjin funksje mear hat.
Yn ferhâlding ta it wjukkekrús hat de mûne in tige sneldraaiend skeprêd, dy't yn teory in ûnbidich soad wetter fersette kin.
De mûne is in ryksmonumint, wylst it mûndershûs in gemeentlik monumint is. De gemeente hat de mûne yn behear oerdroegen oan 'e Stifting Molens Zuid-Kennemerland.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Feriening De Hollânske Mûne
- (ned) Mûnedatabase
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Skoatterfeanske Mûne fan Wikimedia Commons. |