Eastereinder Feart
(Trochferwiisd fan Sebearefeart)
De Eastereinder Feart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint fan 'e Frjentsjerter Feart by Meilahuzen oer Easterein en dan fia Skrok nei de Boalserter Trekfeart. De feart is ek bekend as de Sebearefeart. Meastentiids wurdt it stik fan 'e Frjentsjerter Feart nei it doarp ta oantsjut as Eastereinder Feart en it stik fan it doarp nei de Boalserter Trekfeart as de Sebearefeart.
By Meilahuzen krúst de Eastereinder Feart de Hidaarder Feart. Binnen de beboude kom fan Easterein komt de Wynzer Feart op 'e Eastereinder Feart út.
De namme Eastereinder Feart jildt mei yngong fan 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Oosterendervaart.