De See fan Marmara is in binnensee tusken Europa en Aazje, dy't in part is fan de ferbining tusken de Swarte See en de Middellânske See. Yn it noarden is de Bosporus de ferbining mei de Swarte See en yn it súdwesten de Dardanellen de ferbining mei de Egeyske See. De see leit hielendal y Turkije. De meast foarneame stêd oan dit wetter is Istanbûl.

See fan Marmara
geografy
type wetter binnensee
lokaasje tusken East-Traasje
   en Lyts-Aazje
lân Turkije
koördinaten 40°40′ N, 28°0′ E
ûnderdiel fan Middellânske See
sifers
maks. lingte 280 km
maks. breedte 80 km
oerflak 11.350 km²
djiptegemiddelde 494 m
djipste punt 1.370 m
wetterfolume 3.378 km³

Yn de âldheid hjitte dizze see Propontis. Har tsjintwurdige namme hat de see krigen fan it eilân Marmara, dat dy namme krigen hat fanwege it moarmer dat dêr wûn wurdt.