In seilbokse is in broek fan seildoek dy't eardtiids droegen waard troch boeren en fiskers by smoarch wurk.

De seilbokse waard oer de gewoane broek hinne lutsen. Letter waard er algemien droegen yn de Greidhoeke, mar wie dan fan linnen makke. Der binne wite seilboksen en blauwe seilboksen. De blauwe seilbokse waard nei de oarloch foarskreaun om te dragen by in blauwe kile by it opdriuwen fan bekroand fee by defilees op distrikts- en jubileumkeurings.

"De Blauwe Seilbokse" is in feriening dy't yn 1935 oprjochte waard om de boerekultuer te hanthavenjen. De feriening waard bekend troch de útjefte fan in Frysk Frysk Boerekwartetspul en in Frysk Boereliet (mei tekst fan Douwe Kiestra en muzyk fan Tetman de Vries

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: