Kantongerjocht
It kantongerjocht of sektor kanton is yn Nederlân ien fan de sektoaren fan de rjochtbank. Oant 2002 bestie foar kantonsaken in aparte rjochterlike ynstânsje: it kantongerjocht. Dêrnei is it kantongerjocht as aparte sektor opnommen yn de rjochtbank. De (altyd allinnichsprekkende) rjochter bleau wol de titel kantonrjochter hâlden. Troch dizze wiziging moat men tsjin fûnisen fan de kantonrjochter ynstee fan by de rjochtbank tsjintwurdich daliks by it gerjochtshof yn heger berop.
Ta kantonrjochter wurde allinnich bedreaune rjochtbankrjochters beneamd. Dit liket frjemd, omdat kantonrjochters faak lytsere saken behannelje. Se moatte lykwols wol alle rjochtsgebieten behearskje (strafrjocht, en alle terreinen fan it sivile rjocht) en sprekke dêrneist selsstannich rjocht.
De kantonrjochter binnen it sivile rjocht
bewurkje seksjeDe kantonrjochter giet oer geskillen as hiersaken, lytse jildfoarderings (oant en mei 5000 euro), arbeidsrjochterlike saken en in oantal famyljerjochterlike oangelegenheden.
De kantonrjochter binnen it strafrjocht
bewurkje seksjeBinnen it strafrjocht behannelet de kantonrrjchter allinnich oertrêdings. Fakentiden giet it om saken wêryn’t de plysje of de ofsier fan justysje in skikkingsfoarstel dien hat. At de fertochte net op sa'n foarstel yngiet, komt de saak by de kantonrjochter.
De fertochte krijt dan in daging wêryn’t krekt stiet wêr’t hy fan fertocht wurdt. De rjochter ûndersiket op de sitting wat der bard is. Earst komt de ofsier fan justysje oan it wurd en dêrnei de fertochte of syn abbekaat. De kantonrjochter kin ek tsjûgen hearre. De fertochte mei altyd as lêste noch wat sizze.
De kantonrjochter docht meestal fuort nei de sitting in mûnlinge útspraak.
Tsjin de measte útspraken is heger berop mooglik by it gerjochtshof.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|