De septometer (symboal zm) is in lingte-ienheid, gelyk oan 0,000.000.000.000.000.000.001 meter. De namme is gearstald út de SI-ienheid foar langte, "meter", en it SI-foarheaksel septo. Om't de ynternasjonale ferzje hjirfan "zepto" is, is de ynternasjonale ôfkoarting zm. Dat is net oars foar de Fryske ôfkoarting, om't der oars betizing komme soe mei sm, de Fryske ôfkoarting foar sintimeter. In septometer is 0,001 attometer of 1.000 joktometer.