Sevearus fan Ravenna

De hillige Sevearus (Ravenna, ? - dêre, 1 febrewaris 344/346) wie fan ± 342 oant ± 344/346 biskop fan Ravenna.

Sevearus fan Ravenna
   hillige
Byld fan Sevearus yn de Sevearusbasilyk fan Boppard
Byld fan Sevearus yn de Sevearusbasilyk fan Boppard
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 4e iuw
berteplak Ravenna
stjerdatum 344/346
stjerplak Ravenna
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
hjeldei 1 febrewaris
attributen do
patroan fan wevers en spinners, plysjes en makkers fan doek, hoazen, moffen- en huoddenmakkers

Neffens de oerlevering moast yn it jier 342 op pinkstersnein yn Ravenna in nije biskop keazen wurde. Yn de ierkristlike tsjerke wie it wenst dat de biskop troch de hiele gemeente keazen waard. Doe't der keazen wurde koe op de eins net kandidearre wolwever Sevearus fleach in do nei binnen, dy't efkes boppe Sevearus sweve en dêrnei oant trije kear op it skouder fan Sevearus sitten gyng. Foar de gemeente wie dat in godlik teken dat Sevearus de nije biskop wurde moast.

Histoarysk is oer syn libben mei wissens te sizzen dat Sevearus dielnommen hat oan it Konsylje fan Serdica (it tsjintwurdige Sofia) yn 342/343. Ek is wis dat Sevearus de 11e opfolger fan Apollinaris, de earste biskop fan Ravenna, wie.

Sevearus waard yn 344 yn Classe begroeven, it tsjintwurdich net mear besteande havengebiet fan Ravenna. Syn bonken waarden yn 836 troch de aartsbiskop Otgar fan Mainz mei nei Mainz nommen en lang om let nei Erfurt yn Thüringen brocht, dêr't se yn in monumintale sarkofaach yn de Severikirche op de Domberg te rêste lein waarden.

Sevearus wurdt al sûnt de 5e iuw fereare. Hy wurdt ôfbylde yn ien fan de apsismozaiken fan de 6e-iuwske Basilica di Sant'Apollinare in Classe yn Ravenna. Al gau nei syn dea waard Sevearus hillich ferklearre en mei de pinkster fan it jier 582 wijde Jehannes Romanus de nije Sevearusbasilyk fan Ravenna.

Sevearus wurdt op 1 febrewaris, de dei fan syn ferstjerren, betocht. Hy is beskermhillige fan wevers en spinners, plysjes en makkers fan doek, hoazen, moffen en huodden.

Sevearus wurdt faak as biskop mei in do útbylde. Ek hâldt de hillige somtiden weversreau yn 'e hannen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: