Shelley Duvall
Shelley Alexis Duvall (Houston, 7 july 1949 - Blanco (Teksas), 11 july 2024) wie in Amerikaanske komediënne en aktrise.
Shelley Duvall | ||
akteur | ||
Duvall (The Texas Twiggy) yn 1977 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 7 july 1949 | |
berteplak | Houston | |
stoarn | 11 july 2024 | |
stjerplak | Blanco (Teksas) | |
jierren aktyf | 1970-2001 2022-2023 |
Se begûn har karriêre yn de santiger jierren yn films fan Robert Altman. Letter spile se yn films fan Woody Allen, Stanley Kubrick, Terry Gilliam en Tim Burton.
Libbensrin
bewurkje seksjeDuvall wie de dochter fan advokaat Robert R. Duvall (net te betiizjen mei de akteur) en Bobbie Crawford. Se studearre oan South Texas Junior College. Se wurke as kosmetica-ferkeapster doe't se ûntdutsen waard op in feestje fan talintejagers foar Altmans Brewster McCloud (1970). Nei in audysje by Altman krige se de haadrol as Suzanne. Altman wie ûnder de yndruk en frege Duvall foar syn folgjende films, wêrûnder McCabe & Mrs. Miller (1971), Thieves Like Us (1974), en Nashville (1975).
Yn 1973 boaske se mei Bernard Sampson, fan wa't se yn 1977 skiede. Se wenne fan 1976 oant 1978 tegearre mei muzikant Paul Simon.
Yn 1977 krige Duvall de priis foar Beste Aktrise op it Filmfestival fan Cannes en by de Los Angeles Film Critics Association foar har portret fan Millie Lammoreaux yn Altman's 3 Women. Datselde jier ferskynde Duvall yn Annie Hall, wêryn't se Woody Allens iendeismich spile.
Yn de iere jierren tachtich wie Duvall gastfrou fan Faerie Tale Theatre, in searje telefyzjeshows foar bern, faak basearre op populêre mearkes. Se spile sels de rollen fan Rapûnske yn Rapûnske en mûndersdochter yn Oegemantsje. De horrorfilm The Forest Hills wie de lêst film dêr't Duvall yn te sjen wie.
Op 11 july 2024, fjouwer dagen nei har 75e jierdei, stoar sy oan de gefolgen fan sûkersykte.
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1970 | Brewster McCloud | Suzanne Davis | |
1971 | McCabe & Mrs. Miller | Ida Coyle | |
1974 | Thieves Like Us | Keechie | |
1975 | Nashville | L. A. Joan | |
1976 | Buffalo Bill and the Indians, or Sitting Bull's History Lesson | Frou Grover Cleveland | |
1977 | Annie Hall | Pam | |
1977 | 3 Women | Millie Lammoreaux | |
1980 | The Shining | ||
1980 | Popeye | Olive Oyl | |
1981 | Time Bandits | Pansy | |
1984 | Frankenweenie | Susan Frankenstein | Koarte film |
1984 | Booker | Laura | Koarte film |
1987 | Roxanne | Dixie | |
1991 | Suburban Commando | Jenny Wilcox | |
1995 | The Underneath | Ferpleechster | |
1996 | The Portrait of a Lady | Grevinne Gemini | |
1997 | Changing Habits | Suster Agatha | |
1997 | Twilight of the Ice Nymphs | Amelia Glahn | |
1997 | My Teacher Ate My Homework | Frou Fink | |
1997 | RocketMan | Frou Randall | Net op de titelrol |
1998 | Tale of the Mummy | Edith Butros | |
1998 | Casper Meets Wendy | Gabby | Direct-to-video |
1998 | Home Fries | Frou Jackson | |
1999 | The 4th Floor | Martha Stewart | |
1999 | Boltneck | Frou Stein | |
2000 | Dreams in the Attic | Nellie | |
2002 | Manna from Heaven | Detektive Dubrinski | |
2023 | The Forest Hills | De mem fan Rico |