Short Sunderland


Rol Ferkenningsfleantúch, bommesmiter
Makker Bruorren Short
Untwerper Arthur Gouge
Earste flecht 16 oktober 1937
Yn tsjinst 1938
Ut tsjinst RAF: 1959, RNZAF: 1967
Tal makke 777 (1938-1946)
Brûkers Royal Air Force, Frânske Marine, RAAF, RNZAF
Farianten Short Sandringham, Short Seaford

De Short Sunderland (ferneamd nei it noardeastIngelske plak Sunderland) wie in Britske fleanboat boud troch Short Brothers. De Short Sunderland wie in fuortsette ûntjouwing foar militêr gebrûk fan de Short S.23 Empire fleanboat. It wie ien fan de sterkste en meastbrûkte fleanboaten yn de Twadde Wrâldoarloch, mei de Consolidated PBY Catalina, mar it tastel wie stadich en loch. It prototype fleach yn oktober 1937.[1]

Sunderland Mk I

Operasjonele skiednis

bewurkje seksje

By it útbrekken fan de kriich hie Coastal Command 3 squadrons mei Sunderlands yn tsjinst. It tastel waard ynset by de U-boatbestriding op de Atlantyske Oseaan en it rêden fan seelju. In ferneamd wapenfeit fan in Sunderland is de rêding op 21 april 1939 fan 34 bemanningsleden fan it torpedearre keapfeardijskip 'Kensington Court'. By de evakuaasje fan Kreta, in gefolch fan de lâning op Kreta, hat ien Sunderland ris 87 persoanen ferfier.[1] In tal Sunderlands is ek ynset by de Berlynske loftbrêge, dy't West-Berlyn befoarriedzje moast. De Sunderlands fleagen fanôf de Elbe by Hamburg-Finkenwerder nei de Tegeler See yn Berlyn.

Sunderlands fan de RAF hawwe ek noch tsjinne yn de Koreaanske Kriich en binne oant 1959 yn tsjinst bleaun. De Keninklike Nij Seelânske Loftmacht (Royal New Zealand Air Force, RNZAF) hat se lykwols earst yn 1967 fuortdien.

In tal Sunderlands binne omboud ta passazjierstastellen, de Short Sandringhams, dy't op plakken oant 1974 (!) noch brûkt binne.

Spesifikaasjes Sunderland II

bewurkje seksje
 
Sunderland I/II

[2]

  • bemanning: 9—11 (twa piloaten, radiotelegrafist, navigator, boardwurktúchkundige, bombrjochter, 3-5 skutters)
  • lingte: 26.0 m
  • spanwiidte: 34.39 m
  • hichte: 10 m
  • oerflak: 138 m²
  • gewicht leech: 15.663 kg
  • gewicht mei lading: 26,332 kg
  • oandriuwing: 4x Bristol Pegasus XVIII, njoggensilinder radiaalmotor, 1065 hk
  • maks. faasje: 336 km/o
  • krúsfaasje: 285 km/o
  • min. faasje (stall speed): 125 km/o
  • fleanberik: 2.848 km
  • plafond: 4.880 m
  • klimfaasje: 3,67 m/s
  • bewapeining:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 (ned) Perner, André - Engelse vliegtuigen 1940-1945 - A.W. Bruna, Utrecht
  2. Jane's Fighting Aircraft of World War IIBridgman 1946, s. 137.