Desert Gold (roman)

(Trochferwiisd fan Shower of Gold)

Desert Gold is in klassike westernroman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer Zane Grey (1872-1939). It boek ferhellet oer de aventoeren fan Dick Gale, in jongeman út it easten fan 'e Feriene Steaten dy't om 1910 hinne oan 'e grins fan Arizona mei Meksiko bedarret en dêr behelle rekket yn 'e ûnstjoer dy't de oangeande Meksikaanske Boargeroarloch yn dy kontreien feroarsaket. Desert Gold waard foar it earst publisearre yn 1913, yn in ferzje dêr't frijwat feroarings yn oanbrocht wiene troch Grey syn eigenmachtige redakteur Ripley Hitchcock, fan útjouwerij Harper & Bros. Yn dy foarm waard it ferhaal letter trijeris ferfilme. Pas yn 2007 waard Grey syn manuskript by Dorchester Publishing yn oarspronklike foarm publisearre, ûnder de titel Shower of Gold.

Desert Gold
algemiene gegevens
auteur Zane Grey
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre western
1e publikaasje 1913, New York
oarspr. útjwr. Harper & Bros.

It manuskript fan Desert Gold waard troch Zane Grey yn 1912 yntsjinne by syn útjouwer Harper & Bros. yn New York. It siet him tsjin mei't syn redakteur dêre in Ripley Hitchcock wie, in man dy't folle mear die as inkeld redigearje; hy lei skriuwers syn eigen ideeën op. It eardere manuskript fan Riders of the Purple Sage, dat ien fan 'e meast ferneamde westernromans ea wurde soe, hied er nei Grey weromstjoerd mei it berjocht dat it net út te jaan wie. Doe't Grey nei Hitchcock syn baas ta stapte, waard de man weromfluite, mar wol op it betingst dat Grey ynstimme moast mei eltse oanpassing dy't Hitchcock foarstelde. Fan dat punt ôf besleat Hitchcock sels it werskriuwwurk mar te dwaan, mei't er it blykber net nedich fûn om 'e eigentlike skriuwer dêrby te belûken. By it boek The Lone Star Ranger besleat er sels op eigen manneboet mar om 'e twadde helte fan it manuskript fuort te smiten en der ynstee de lêste helte fan in oar manuskript fan Grey oan fêst te plakken. Mei't Grey grutte muoite hân hie om syn earste boeken útjûn te krijen, en yn dy tiid noch in folslein ûnbekend skriuwer wie, koed er net folle oars as him by dizze behanneling dellizze.

 
Zane Grey.

Op it mêd fan Desert Gold wiene Hitchcock syn yngrepen net sa yngeand as by guon oare boeken, mar dochs drukte er noch dúdlik syn stimpel op it wurk. Yn it foarste plak karde er Grey syn titel The Ranger of Forlorn River ôf en ferfong dy troch Desert Gold ("Woastyngoud"). Fierdersoan swakke er eltse ferwizing nei seksualiteit en in grut part fan it geweld ôf, wylst de klimaktyske slaanderij oan 'e ein fan it boek hielendal fuortsnien waard. Der waard net mear flokt, de typyske dialektyske petearstyl fan 'e cowboys waard omset ta gewoan Amerikaansk-Ingelsk, en de dialooch waard op in soad plakken feroare sadat de personaazjes no seine wat Hitchcock fûn dat se sizze moasten. It wiene meast subtile oanpassings, mar al mei al waard it ferhaal dat Grey fertelle woe út 'e foegen skuord en ferwrongen.

Om't útjouwers doedestiden alle publikaasjerjochten op wurken hiene dy't by harren útkommen wiene, waard Hitchcock syn ferzje net inkeld yn 1913 útjûn yn boekfoarm, mar ek yn it foarjier fan dat jier as fúljeton yn it tydskrift The Popular Magazine publisearre. Ek de Nederlânske oersetting, dy't yn 1965 ûnder de titel Woestijngoud útkaam by de Zuid-Nederlandse Uitgeverij te Antwerpen, wie Hitchcock syn ferzje. Pas 93 jier nei dato, yn 2007, waard it oarspronklike manuskript fan Zane Grey útjûn troch Dorchester Publishing. Men woe it boek doe earst ek wer syn oarspronklike titel The Ranger of Forlorn River weromjaan, mar yn oerlis mei Grey syn jongste soan Loren Grey waard besletten dat net te dwaan, om betizing foar te kommen mei in oare roman mei as titel Forlorn River, dy't Grey yn 1927 publisearre hie. Sadwaande waard foar de nije orizjinele útjefte keazen foar de alternative titel dy't Grey yn 1913 foar Desert Gold útsteld hie: Shower of Gold ("In Rein fan Goud"). Yn 2013 kaam der in werprintinge fan Shower of Gold út by AmazonEncore.

Desert Gold set útein mei in prolooch wêryn't in ienlike goudsiker yn 'e ûnmeilydsume woastyn fan súdlik Arizona omdoarmet. Hy neamt himsels Cameron (yn Desert Gold) of Cardashan (yn Shower of Gold), en hat him nei de woastyn bejûn om't de iensumens dêre him helpt om syn oantinkens yn libben te hâlden. It binne de oantinkens oan Nell, in tsjeppe jongfaam, mei wa't er omslein hat doe't er in wylde jongfeint wie, en by wa't er in bern oanset bliek te hawwen nei't er sels op 'e siik nei wurk fier fan hûs swalke wie. Yn in tiid dat it krijen fan in bern bûten it houlik om in freeslike skande wie dy't jins libben ferrinnewearje koe, besocht it fanke wanhopich om Cameron te berikken, dat er mei har trouwe koe foar't har skande foar eltsenien te sjen wêze soe, mar har brieven berikten him te let. Tsjin 'e tiid dat se him einlings en te'n lêsten fûnen, en hy him halje-trawalje werom nei hûs hastige, wie de poppe, in famke dat ek Nell neamd wie, al te wrâld kommen en hiene mem en dochter harren thús ûntflechte yn in fergees besykjen om oan 'e rabberij te ûntkommen en yn in oar wenplak yn it Westen in nij bestean op te bouwen. Cameron helle in troufergunning en reizge har efternei, mar rekke it spoar bjuster en bedarre jierren letter yn súdlik Arizona.

Op in dei treft Cameron djip yn 'e wyldernis in oare goudsiker, in âldman, mei wa't er nachts in kampfjoer dielt. De oare moarns geane hja wer útinoar, mar in pear dagen letter treffe se inoar wer, en úteinlik beslute se tegearre fierder te swalkjen. Cameron syn maat is in swijsume man, dy't earst inkeld kwyt wol dat er nei de woastyn ta kommen is om te ferjitten. Sa njonkelytsen komt syn ferhaal der lykwols út: hy komt út it easten, dêr't er as widner syn ienlingsdochter grutbrocht. Om't er foar syn wurk in protte fan hûs wie, moast it fanke in grut part fan 'e tiid harsels rêde. Sûnder dat hy it wist, sloech se om mei in fint dy't har mei in bern sitte liet. Syn dochter naaide út nei it Westen, en de jongkeardel wie dy kant ek útgien, dat de âldman sette se efternei, yn 'e hoop om syn dochter werom te finen en mei it doel om 'e jongfint te fermoardzjen. Mar hy fûn gjinien fan beiden ea wer, en bedarre úteinlik as goudsiker yn 'e woastyn. Kjel wurden freget Cameron de man nei syn namme, en as it antwurd "Jonas Warren" is, beseft er dat it needlot him gearbrocht hat mei de heit fan syn Nell.

Nei in sliepeleaze nacht bekent Cameron de oare moarns dat syn wiere namme Robert Burton is. Warren fljocht him oan en de mannen wrakselje oant se beide suver net mear kinne. Letter, as Warren wer oansprekber is, lit Burton him de troufergunning sjen, dy't er al dy jierren meidroegen hat. De mannen beslute dan it dokumint te ferfalskjen, mei't it gerjochtsgebou yn Peoria, dêr't se wei komme, ferskate jierren earder mei argyf en al ôfbaarnd is, en nimmen dus bewize kin dat it om in ferfalsking giet. Se folje it dokumint yn as wie it houlik tusken Robert Burton en Nell Warren wier-wier sletten, en ferfolgje neitiid har trektocht troch de woastyn. Op in dei komt har in swiere sânstoarm oer 't mad, en hoewol't se dy allebeide oerlibje, reitsje se har ezels en it grutste part fan har ark en reau kwyt. Te foet besykje se út 'e woastyn te kommen, mar mei hieltyd minder wetter slagget dat net. Uteinlik wit Warren, dy't dêr in jefte foar hat, wetter te finen op in heech punt tusken de rotsen, dêr't blykber in ûndergrûnske rivier deun by it oerflak lâns streamt. De âldman hat lykwols mei it graven syn lêste krêften ferspile. Ear't er it bewustwêzen ferliest, drukt er Cameron op it hert om te sjen dat er út 'e woastyn komt, mar Cameron wegeret syn fallen kammeraat efter te litten, en bliuwt by him oant er stjert, ek al is er tsjin dy tiid sels sa ferswakke, dat er net mear fierder kin.

 
In útjefte út 1919, mei op 'e omslach in ôfbyld fan Nell Burton op Blanco Sol, en op 'e rêch fan it boek in ôfbyld fan 'e Yaqui.

Jierren letter, om 1910 hinne, komt Dick Gale oan yn it stedsje Casita, dat foar in diel yn 'e Amerikaanske steat Arizona en foar in diel yn Meksiko leit. Hy komt út it easten dêr't er opgroeid is yn in begoedige fermidden. Nei't er spul krigen hat mei syn heit, hat er lykwols besletten om syn fortún yn it Westen te sykjen. Dat wol oars mar min slagje, en tsjin 'e tiid dat er yn Casita oankomt, is syn jild suver op. Dy jûns keare syn kânsen lykwols, want yn in saloon yn it grinsstedsje komt er in âlde maat fan him tsjin, George Thorne. Dyselde tsjinnet no by it 9e Kavaleryrezjimint, dat op 't heden yn Casita legere is om derfoar te soargjen dat de Meksikaanske Boargeroarloch oan 'e Meksikaanske kant fan 'e grins bliuwt en net op Amerikaansk grûngebiet útfochten wurdt.

Thorne is like bliid om Gale te sjen, want hy sit der raar foar. Ferskate wiken earder is er nammentlik yn 'e kunde kommen mei in tige tsjeppe Meksikaanske flechtlinge, Mercedes Castañeda, in dochter út in rike famylje fan Spaansk komôf. Foar Thorne wie it leafde op it earste gesicht en foar Mercedes wie it net oars, mar hja wurdt hjitfolge troch Rojas, in ûnmeilydsume rebellelieder, dy't har heit fermoarde hat en troch har obsedearre rekke is. Foar har eigen beskerming hat Thorne Mercedes by de oare flechtlingen weihelle en ûnderbrocht yn in hotelkeamer yn 'e saloon, mar no is Rojas dy eigenste deis yn Casita oankommen, dat hy moat sjen dat er Mercedes út it stedsje smokkelet. Allinnich, hy is soldaat en as er samar by syn ûnderdiel wei giet, wurdt er oanklage foar desersje.

Gale, dy't nei lang doelleas omdoarmjen einlings in doel foar eagen kriget, wol syn maat datoangeande graach helpe, mar foar't se Mercedes ta de saloon út krije kinne, strykt Rojas mei syn mannen yn 'e taapkeamer del. Gale drukt Thorne dan op it hert om nei syn faam ta te gean en mei har út te naaien sadree't hysels foar ôflieding soarge hat. Gale syn ôflieding is net subtyl; hy hat op 'e universiteit Amerikaansk fuotbal spile, en draaft op 'e ferbjustere Rojas ôf om him mei stoel en al te tackeljen, wêrnei't er der mei de fûsten flink op timmeret. Hy kriget ûnferwachte help fan in pear Amerikaanske cowboys yn 'e saloon, dy't mei lutsen revolvers de Meksikanen tsjinhâlde dy't Rojas helpe wolle. As se de ljochten útsjitte, wit Gale yn 'e tsjusterte út 'e saloon te ûntkommen. Hy fynt Thorne en Mercedes werom krekt as it skâljen fan in trompet oanjout dat Thorne werom moat nei syn ûnderdiel, en dêrnei tsjogge Gale en Mercedes tegearre geandefoets de woastyn yn, sûnder in idee hoe no fierder. Lokkigernôch komme de beide cowboys dy't Gale yn 'e saloon holpen hawwe, harren efterop. Hja binne Charley Ladd en Jim Lash, en as it paad nei it noarden harren tichtset wurdt troch Rojas syn mannen, liede hja Gale en Mercedes troch de gemien skerpe kaktusfjilden nei Forlorn River ta, in oäze yn 'e woastyn fierder westlik oan 'e grins.

Forlorn River is it wenplak fan Tom Belding, in ynspekteur foar de Amerikaanske ymmigraasjetsjinst, dy't as taak hat om Sinezen en Japanners tsjin te hâlden dy't fia Meksiko de Feriene Steaten besykje binnen te glûpen. Mei de oangeande boargeroarloch yn Meksiko is it trouwens sa dat Belding op 't heden mear te stellen hat mei ynfallen fan Meksikaanske hynstedieven as fan yllegale Aziaten. Ladd en Lash binne bekenden fan him, en om't er mear rangers nedich is om 'e grins ticht te hâlden, biedt er harren fuort wurk oan. Op oanstean fan 'e beide cowboys nimt Belding ek Dick Gale oan as ranger. Mercedes fynt yn Forlorn River in taflechsoard om te wachtsjen oant Thorne syn tsjinst by de kavalery úttsjinne hat, en hja slút daliks freonskip mei Belding syn styfdochter Nell Burton.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn Forlorn River ûntjout Gale him ta in betûft ranger, dy't himsels goed rêde kin yn 'e woastyn. Hy kriget fan Belding it gebrûk fan ien fan dy syn grutte wite hynders, de hynst Blanco Sol, en begjint fan it bist te hâlden. Gale en syn nije freonen Ladd en Lash beslute om har yn Forlorn River nei wenjen te setten, en nimme der lânclaims yn besit. Underwilens rekket Gale fereale op Nell Burton. Hy freget en kriget tastimming fan har mem, frou Belding, om it fanke it hof te meitsjen, al liket frou Belding dêr nuvere tryst oer. Op in dei rêdt Gale by in wettersaad yn 'e woastyn it libben fan in ferwûne Jaky (Yaqui), dy't op it punt stiet fermoarde te wurden troch guon Meksikanen. (De Jaky binne in Yndiaansk folk út noardlik Meksiko, tsjin wa't oan 'e ein fan 'e njoggentjinde en it begjin fan 'e tweintichste iuw troch it Meksikaanske regear in útrûgingsoarloch fierd waard.) Gale bringt de Yndiaan nei Forlorn River ta, dêr't de man, dy't ienfâldichwei "Yaqui" neamd wurdt, wer opbetteret. Neitiid is er net by Gale wei te slaan, mei't er blykber fynt dat er in skuld ôf te lossen hat.

Nei ferrin fan tiid hat Thorne syn tsjinsttiid foldien, en as er yn Forlorn River oankommen is, trouwe hy en Mercedes mei-inoar. Rojas is it fanke lykwols noch net fergetten, en úteinlik berikt him it nijs dat Mercedes yn Forlorn River sjoen is. Syn mannen besingelje yn it foarjier Belding syn ranch, mar Belding en de rangers wolle der neat fan witte om Mercedes oan him út te leverjen. Yn 'e nacht witte Gale, Thorne, Mercedes, Ladd en Lash mei help fan Yaqui (dy't de Meksikaanske wachtposten beslûpt en de kiel trochsnijt) op Belding syn wite hynders te ûntkommen. Hja binne fan doel en stek troch de woastyn hinne westoan nei Fort Yuma, oan 'e grins fan Kalifornje, mar in groep Meksikanen dy't Rojas yn 't foar by in krúsjale wettersaad postearre hat, set harren it paad ticht. Yaqui liedt it selskip dan ynstee nei it suden, de Meksikaanske grins oer en de skriklike woastyn fan Sonoara yn. Gjin blanke soe dêr oerlibje kinne, mar it is de Yndiaan syn heitelân, en hy ken alle wettersaden. Uteinlik bringt er de oaren by in oäze middenmank in woastenije fan read lavastiente, dêr't in boarne is dy't simmerdeis inkeld yn 'e drûchste jierren drûchfalt.

Rojas-en-dy binne harren lykwols efternei kommen, en in dei nei't se by de oäze oankommen binne, folget der in ûnmeilydsum gefjocht tusken de lavarotsen en de chollakaktus. Mei Rojas syn mannen wurdt ôfweefd, en hoewol't er sels it skûlplak fan Mercedes wit te berikken, hat er bûten Yaqui en dy syn hate foar de Meksikanen rekkene. De Yndiaan driuwt de rebellelieder in smelle, dearinnende richele oan in rotswand op oant er net fierder gean kin, en snijt him dan metoadysk mei in mês los fan 'e rotsen dêr't er him oan fêstklammet, sadat er syn dea temjitte falt yn 'e djipte. Yn it fjoergefjocht mei Rojas syn mannen hat Thorne in slimme wûne oan 'e holle oprûn, wylst Ladd suver trochsingele rekke is mei kûgels. Sadwaande is it selskip oan 'e oäze bûn oant Thorne en Ladd safierhinne opbettere binne dat se wer hynsteride kinne. Tsjin dy tiid binne de wettersaden dy't se nedich binne op 'e weromweis lykwols drûchfallen, sadat se gjin oare kar hawwe as om 'e simmer troch te bingen yn 'e oäze en te hoopjen dat dit gjin año seco is, wêryn't de boarne dêre opdrûget.

Underwilens sette har yn Forlorn River Amerikanen nei wenjen dy't troch de boargeroarloch út Meksiko ferdreaun binne. Dêrûnder binne Ben Chase en dy syn soan Radford, de eigners fan in Meksikaanske myn. Om't de rangers harren lânclaims noch gjin fiif jier yn besit hawwe, moatte se fysyk oanwêzich wêze om oaren fan har lân te hâlden. No't se dat net kinne, hawwe de Chases gjin inkele moederaasje om it lân sels yn besit te nimmen. Al rillegau spilet Ben Chase yn Forlorn River de baas, wylst syn soan Radford earst Nell lestich falt en dan mei har trouwe wol. Chase sr. lit in daam oanlizze yn 'e Forlorn River, sadat der in kearmar ûntstiet dy't ek simmerdeis en yn drûge jierren yrrigaasje fan 'e delling mooglik makket. Dat wie eins Dick Gale syn idee, en it muoit Belding mear as dat er sizze kin dat alle takomstdreamen syn rangers no ôfnommen wurde. Hoewol't de Chases foar de wet neat ferkeards dien hawwe, en Belding dus neat tsjin harren begjinne kin, wurdt er fan 'e sitewaasje dwers en koppich, wat it spul tusken him en de Ben Chase allinnich noch mar minder makket. Mar Chase hat jild en ynfloed, en wit te bewurkmasterjen dat Belding sels syn ynspekteurskip foar de ymmigraasjetsjinst kwytrekket. Noch minder is dat Ben Chase oarspronklik út Peoria komt, en frou Belding weromken as Nell Warren, de jongfaam dy't tweintich jier lyn in oerwûn bern krigen hat. Hy en syn soan brûke dy kennis om frou Belding en har dochter Nell safier te besykjen te krijen dat Nell mei Radford Chase trouwe sil.

It is oan 'e ein fan 'e simmer, as de earste tongergeaten fan 'e reintiid al fallen binne, as Belding einlings en te'n lêsten weet kriget fan 'e sjantaazjepraktiken. Hy stiet op it punt om it rjocht yn eigen hannen te nimmen as krekt dy deis de deawaande rangers op syn eigen wite hynders thúskomme út it hert fan 'e woastyn. Gale wol neat witte fan Nell har bewearings dat hja net mei him trouwe kin om't dat him yn 'e skande fan har oerwûne steat behelje soe. Mar as er heart hoe't Radford Chase har yn 'e pine set hat, wurdt er poerlulk en set er, beselskippe fan Ladd, Lash, Thorne en Belding nei de nije saloon fan Forlorn River ta, dêr't er Chase jr. in flink wan bruien jout. Hoewol't Radford Chase in mânske keardel en in berne fjochtersbaas is, kin er it net hâlde foar in ferge man oer dy't in healjier trochbrocht hat mei de jacht op berchskiep tusken lavarotsen.

 
Filmposter fan 'e ferfilming fan Desert Gold út 1919.

Dochs smyt de oerwinning yn 'e slaanderij foar Gale net folle op, útsein in foldien gefoel. Al syn takomstdreamen yn Forlorn River binne ferswûn en syn oankommende skoanheit Belding, ienris in man fan kwizekwânsje, is troch syn deilisskip mei de Chases ruïnearre. Dan nimt Yaqui him mei nei de boppe-ein fan 'e delling, dêr't se tegearre de rotsheuvels beklimme dy't nei't sein wurdt noch nea troch in blanke beklommen binne. Yaqui hie sein lluvia de oro, "in rein fan goud", mar it earste dat Gale sjocht as er boppe oankomt, is de boarne fan 'e Forlorn River. Op dat stuit beseft er dat as er hjir syn lânclaim makket, hy de streaming fan 'e rivier ferlizze kin, en dan is alle dammebouwerij fan 'e Chases om 'e nocht. Dan smyt Yaqui him in nuveraardich swier stienklompke ta, dat fol goud blykt te sitten, krekt as alle stienklompkes om him hinne. Mar in lytse piramide fan stiennen wiist op in eardere lânklaim; Gale wurdt even kjel, oant hy en Yaqui it grêf fan in pear goudsikers fine. Deunby leit op in richeltsje in doaske mei dêryn in stik papier, dêr't mei bloed op skreaun stiet:

Wy, Robert Burton en Jonas Warren, jouwe de helte fan dizze goudclaim oan 'e man dy't him fynt en de oare helte oan Nell Burton, ús dochter en pakesizzer.

As Gale it papier omdraait, blykt it in ûndertekene troufergunning te wêzen fan Robert Burton en Nell Warren.

No't er syn rêding troch Gale dûbel en dwers werombetelle hat, jout Yaqui oan dat er fuort sil. Belding besiket him te oerladen mei geskinken en jout him karút oangeande hynders, wêrby't er sels syn beminde grutte witen net tebekhâldt, mar de Yndiaan nimt inkeld in sekfol iten, in tekken, in gewear, in mês, in fjildflesse en in gewoan brún hynder. Dêrnei riidt de riedselige man de ûndergeande sinne temjitte, en mei syn weiwurden oer de kym einiget it boek.

Desert Gold is trije kear ferfilme, wêrfan de earste beide kearen as in stomme film. Regisseur T. Hayes Hunter makke yn 1919 de earste ferfilming, Desert Gold (dy't net betize wurde moat mei de Australyske film mei deselde titel út itselde jier mar oer in hiel oar ûnderwerp). Yn 1926 ferfilme George B. Seitz it ferhaal op 'e nij, yn 'e foarm fan Desert Gold (film út 1926). In trêde film, diskear mei lûd, folge yn 1936, fan 'e hân fan regisseur James P. Hogan, mar dy basearre it ferhaal fan syn Desert Gold (film út 1936) mar sa loskes op it boek fan Zane Grey, dat it amper werkenber is as in ferfilming.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Grey, Zane, Desert Gold, New York, 1913 (Harper & Bros.).
  • Grey, Zane, Woestijngoud (oers. Hans Olden), Antwerpen, 1965 (Zuid-Nederlandse Uitgeverij).
  • Grey, Zane, Shower of Gold, Las Vegas, 2013 (AmazonEncore), ISBN 978-1 47 78 06 456 (earder útjûn troch Dorchester Publishing, 2007).
  • Tuska, Jon, Foreword, yn: Zane Grey, Shower of Gold, Las Vegas, 2013 (AmazonEncore), ISBN 978-1 47 78 06 456, s. 1-3.