Siaerda
De famylje Siaerda wie in wichtige haadlingenfamylje yn Westerlauwersk Fryslân. Yn de twadde helte fan de 15e iuw waarden sy mei de Harinxma's en Juwinga's ta de machtichste famyljes fan Fryslân rekkene. Sy hienen sizzenskip oer Frjentsjer en ferskate doarpen dêromhinne en hearden ta de partij fan de Skieringers.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Siarda's beskikten oer de sterkste state fan Fryslân, in binnen in eigen grêft tsjin Frjentsjer oan boude burcht. Hja behearsken in grut gebiet om de stêd hinne yn Frjentsjerteradiel, Hinnaarderadiel en noardlik Wûnseradiel dêr't sy mannen koenen mobilisearre foar harren kriichstochten. Yn Frjentsjerteradiel fûnen sy hieltyd de Herama's fan Tsjom dy't ta de Fetkeaperske party hearden, tsjinoer har.
Sicka Siarda senior late de ynfal fan de Skieringers yn de Ommelannen fan 1416 en naam it inisjatyf yn dat selde jier ta in berop op de Roomske kening Sigismund.
De Siarda's stienen op goede foet mei Freark III. Troch him waard yn 1464 Dowe Siarda en letter syn soan Sicka Siarda yn de ridderstân ferheft.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|