Sibrand fan Hallum
Sibrand fan Hallum (kleasternamme: Sibrandus; yn Fryslân, ein 12e iuw – Hallum, 1238) wie in Frysk mûnts dy't yn 1230 syn foargonger Siard fan Hallum opfolge as de sechsde abt fan it norbertynske kleaster Mariëngaarde by Hallum. Syn bewâld dêre duorre acht jier, oant syn ferstjerren yn 1238.
Sibrand fan Hallum Sibrandus | ||
geastlike | ||
nasjonaliteit | Roomsk-Dútsk | |
bertedatum | ein 12e iuw | |
berteplak | yn Fryslân | |
stjerdatum | 1238 | |
stjerplak | Hallum (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
abt fan it Kleaster Mariëngaarde | ||
amtsperioade | 1230 – 1238 | |
foargonger | Siard fan Hallum | |
opfolger | Jarich fan Hallum (Jaricus)[1] |
Vita Fretherici
bewurkje seksjeSibrand waard benammen bekend as de auteur fan it yn it Latyn skreaune hilligelibben Vita Fretherici, oer de hillige Freark fan Hallum. Dat wie de earste abt fan Mariëngaarde, dy't it kleaster yn 1163 stifte. Nei eigen sizzen skreau Sibrand dat wurk om't er dêr in fersyk ta krigen hie fan Gertrude, de prioresse fan it Kleaster Betlehem by Bartlehiem (dat út Mariëngaarde ûntstien wie), en fan Bernilde, in foaroansteande non yn dat kleaster. Hoewol't Sibrand it libben fan syn yllústere foargonger om 1231 hinne beskreau, dus 56 nei Freark syn dea, wiene guon minsken dy't him kend hiene doe noch yn libben, sadat Sibrand beskate ferhalen út 'e earste hân optekenje koe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|